James Cook: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
Rigel 30:
Mei syn twadde reis hie Cook foargoed fêststelt dat [[Terra Australis]] net bestie en wie hy deryn slagge, yn in tiid dêr't it normaal wie dat op in lange reis in tredde oant de helte fan de skipslju stoar, mar 4 man te ferliezen, wêrfan gjin ien oan [[skuorbûk]]. Hy brûkte [[soerkoal]] as boarne foar [[fitamine C]] foar syn manlju.
 
{{Wurk}}
== Tredde reis ==
[[Ofbyld:Cook-death.jpg|thumb|300px|De dea fan Cook]]
Yn [[1776]] giet Cook foar de tredde kear op reis. It doel is diskear om it noarden fan de Grutte Oseaan te ferkennen, en mear spesifyk de kust fan [[Noard-Amearika]]. Cook woe sjen oft it mooglik wie fia dy rûte nei Aazje komme te kinnen. De ekspedysje telde twa skippen, de ''Resolution'' ûnder Cook sels en de ''Discovery'' ûnder [[Charles Clerke]], mei-inoar 384 man. De ''Resolution'' set útein fan [[Plymouth (Ingelân)|Plymouth]] op [[12 july]] 1776, de ''Discovery'' op [[1 augustus]]. Yn [[Kaapstêd]] waarden beide skippen mei elkoar feriene en fearen tegearre nei it easten. De [[Crozeteilannen]] en de [[Kerguelen]] waarden ûntdekt en op 'e kaart setten en fia Van Diemen's Lân ([[Tasmaanje]]) kaam de ekspedysje yn [[Nij-Seelân]] oan. [[Rarotonga]], de [[Cookeilannen]] en de [[Tubuay-eilannen]] waarden ûntdekt, en de reis gie fjirder nei [[Tonga (lân)|Tonga]] ear't op [[Tahity]] inkele moannen rêst hâlden waard.
 
Fan Tahity fear Cook nei it noarden en seach in eilân dat er Santa Island neamde (distiid [[Kiritimati]]) en in kloft eilannen dy't er Sandwicheilannen neamde, mar tsjintwurdich bekend stean as [[Hawaï]]. By syn besite die er allinnich de twa westlike eilannen [[Niihau]] en [[Kauai]] oan. By [[Heceta Head]] yn [[Oregon]] berikte hy lang-om-let de kust fan Noard-Amearika, it eigentlike doel fan de reis. Hy folge de kust fjirder nei it noarden en brocht ek dy yn kaart, lykwols miste er de [[Strjitte fan Juan de Fuca]] HijHy bereikteberikte uiteindelijk viafia [[Unalaska]] de [[BeringstraatBeringstrjitte]], mar waard op 70°41'NB troch it [[pakiis]] tsjinhâlden. LangsBy de Siberische[[Sibearje|Siberyske]] kust vanfan BeringstraatBeringstrjitte keerdegie Cook wer nei it suden en ûntdekt dêrby [[St. Lawrence (eilân)|St. Lawrence Island]]. Fia [[Unalaska]] kearde hy werom nei Hawaï.
 
[[Maui]] wie it earste eilân dat Cook te sjen krige en dat eilân waard lykas de rest fan it arsjipel yn kaart brocht. De eilânbewenners wienen ynearsten freonlik en seagen Cook oan foar [[Lorono]], harren god fan foarspoed. De situaasje feroare hiel bot doe er fuort gean woe. Troch it minne waar moast er it eilân [[Hawaï (eilân)|eilân Hawaï]] oandwaan en mei it mei de bewenners oar 'e stok krige. It tal foarfallen wêrby't mei wapens drige waard, naam ta. En doe't der in boat fan Cook stellen waard troch de eilânbewenners gie Cook oan wâl. Hy woe in gizeler nimme om dêrmei de boat werom krije te kinnen. De situaasje rûn lykwols út 'e hân en ien fan de Britten skeat in Hawajaan del. Fuort kaam it ta in gefjocht dêr't Cook en fjouwer fan syn manlju by omkamen. It stee dêr't dat foarfoel wei by de [[Kealakekua Bay]] en hiet no [[Captain Cook (Hawaï)|Captain Cook]].