James Cook: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
L stikje red. net dien
Rigel 3:
'''James Cook''' ([[Marton (Middlesbrough)|Marton]], [[Yorkshire]], [[27 oktober]] [[1728]] - [[Hawaï]], [[14 febrewaris]] [[1779]]) wie in [[Feriene Keninkryk|Britske]] [[ûntdekkingsreizger]], seefarder en [[kartograaf]], dy't ferneamd wurden is troch syn trije ûntdekkingstochten nei de [[Grutte Oseaan]].
 
James Cook krige fan de Britske regearing opdracht om ûndersiik te dwaanûndersykjen oft âldâlde leginden oer in ûnbidich grut kontinint yn it suden, it saneamde "[[Terra Australis]]" op wierheid berêste. Hy soe de earste seefarder yn de skiednis wurde dy't de [[Súdpoalsirkel]] (71°10' suder breedte) passearje soe op [[17 jannewaris]] [[1773]].
 
Op syn reizen hat James Cook tûzenen kilometers ûnbekendûnbekende kustgebietkusten ûndersocht en yn kaart brocht. Sa koenen in protte mysterys fan it [[Pasifyske Oseaan|Pasifysk gebiet]] oplost wurde. Hy stifte ek in protte hannelsposten yn dy nije gebieten. James Cook wie in tûke kaptein dy't sawol baas wie oer syn skip as syn manlju. By him foelen gjin slachtoffers troch [[skuorbûk]], ien fan de grutte problemen op lange reizen. Hy joech syn bemanning soerkoal om dat tsjin te gean. Wat ek by him opfoel wie dat er op in freedsume wize kontakt socht mei de lokale befolking dy't er op syn reizen tsjin kaam. As earste Jeropeaan hied er in protte kontakt mei de ''locals''. Teffens is troch Cook de K1 Gronometer foar it earst brûkt om de [[lingtegraad]] presys fêst lizze te kinnen.
 
== Earste reis ==
Yn Ingelân waarden plannen makke foar in wittenskiplike ekspedysje nei de [[Grutte Oseaan]]. De reis hie as doel de ôfstân te berekkenjen tusken ierde en sinne en it sykjen nei [[Terra Australis]]. Om de ôfstân útrekkenje te kinnen wie it fan belang op [[3 juny]] [[1769]] in astronomysk ferskynsel, de [[Fenusoergong]] op Tahity mei te meitsjen.
 
Kaptein Cook waard útkeazen om de ekspedysje te lieden dy't út in grutte groep wittenskippers bestie, te witten natoerûndersiker [[Joseph Banks]], de astronoom [[Charles Green]], de biologen [[Daniel Solander]] en [[Hermann Sporing]] en tekener [[Alexander Buchan]]. It skip dat foar de ekspedysje brûkebrûkt waard wie de [[HMS Endeavour]].
 
Cook gie op [[30 july]] [[1768]] út [[Deptford]] wei, sylde om [[Kaap Hoarn]] hinne en fear yn noardwestlike rjochting nei [[Vahitahi]] en ferfolgens nei [[Tahity]], dêr't mei de sukses de Fernusoergong waarnimmenwaarnaam waard. In grut tal eilannen waarden besocht en it plantenplante- en dierelibben dêre ûndersocht.
 
Dêrnei folgeferfolge Cook syn reis op siik nei it heimsinnige [[Terra Australis]] en fear nei it suden oant 40°SB, mar ûntdiekûntduts gjin lân. Hy keardegie werom oant hyer de kust fan [[Nij-Seelân]] berikte, dy't al earder yn 1643 troch de Nederlanner [[Abel Tasman]] ûntdutsen wie. Troch him waarden de kusten fan beide eilannen alhiel yn kaart brocht.
 
Dêrnei fear hy wer nei it westen mei as doel [[Tasmaanje]] te berikken, mar troch de wyn sylde hy noardliker en berikte de eastkant fan [[Austraalje (kontinint)|Austraalje]] by [[Port Hicks]]. Hy folge de kust nei it noarden, ûntdiek [[Botany Bay]] en [[Port Jackson]] en neamde it gebiet [[Nij-Súd-Wales]]. Fierder nei it noarden rekke it skip lek doe't hy op in part fan it [[Grut Barriêrerif]] stjitte, mar Cook slagge deryn it skip farrende te hâlden en de kust te berikken sadat it reparearre wurde koe. Hy stelde fêst dat Austraalje en Nij-Seelân troch in see fan elkoar skieden wienen en kearde fia [[Batavia]] en om [[Kaap de Goede Hoop]] werom nei it Feriene Keninkryk. Op 12 july [[1771]] arrivearre hy by [[Dover]].