Sarah Palin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 8:
Yn [[1992]] waard Palin keazen as gemeenteriedslid fan Wasilla foar de [[Republikeinske Partij]], en yn [[1996]] waard se [[boargemaster]] fan Wasilla, wat se twa terminen, oant [[2002]], bliuwe soe. Nei't it har net slagge wie om it Republikeinske kandidaatskip foar it fise-gûverneurskip fan Alaska yn 'e wacht te slepen, waard se yn [[2003]] beneamd ta foarsitter fan 'e ''Alaska Oil and Gas Conservation Commission'', dy't it tafersjoch hat oer de feilichheid en effisjinsje op 'e oalje- en gasfjilden fan Alaska. Se krige spul mei in oar lid fan 'e kommisje, Randy Ruedrich, in deilisskip dy't der úteinlik ta late dat sawol sy as Ruedrich yn [[2004]] opstapten, al waard Palin neitiid troch de rjochter yn it gelyk steld en waard Ruedrich in boete fan $ 12.000,— oplein foar ûnetysk hâlden en dragen.
 
[[File:5.3.10SarahPalinByDavidShankbone.jpg|left|thumb|150px|Sarah Palin yn [[2010]].]]
Yn [[2006]] fersloech Palin yn 'e Republikeinske foarferkiezing de sittende gûverneur fan Alaska, [[Frank Murkowski]], yn 'e striid om it kandidaatskip foar de gûverneursferkiezing, wêryn't se dêrnei koarte metten makke mei de eardere [[Demokratyske Partij|Demokratyske]] gûverneur fan Alaska [[Tony Knowles]]. Palin wie de jongste persoan en de earste frou ea dy't gûverneur fan Alaska waard, wat har barre mocht yn desimber 2006. Yn [[2008]] waard se troch de doetiidske Republikeinske presidintskandidaat [[John McCain]] keazen ta syn ''running mate'', oftewol fise-presidintskandidate, wêrmei't se foar it earst bekendheid krige bûten Alaska en de hegere Republikeinske fermiddens yn 'e Feriene Steaten. Se wie de earste Alaskaan ea dy't foar ien fan 'e beide grutte partijen meidie oan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings. Doe't ynstee fan John McCain syn Demokratyske rivaal [[Barack Obama]] de ferkiezings wûn, wiene foaroansteande Republikeinen der as de roeken by om har dêr de skuld fan te jaan. Ek hie se te lijen fan 'e útsûnderlik populêre [[pornografy]]ske filmparody dy't [[Larry Flynt]] syn ''[[Hustler Video]]'' oer har makke, titele ''[[Who's Nailin' Paylin?]]'', mei [[pornografysk aktrise]] [[Lisa Ann]] yn 'e haadrol. Alles yn oanmerking nommen, besleat se dat se as oansketten wyld Alaska as gûverneur gjin goed mear die, en dêrom trede se yn july 2009 ôf.