Twadde Brief fan Jehannes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L typfl
Rigel 1:
[[Ofbyld:Hans Memling 039.jpg|right|thumb|150px|De [[apostel]] [[Jehannes (apostel)|Jehannes]], op in skilderij fan [[Hans Memling]] (±[[1433]]-[[1494]]).]]
It '''''TwaddeeTwadde Brief fan Jehannes''''', yn it oarspronklike [[Gryksk]]: '''Β' Επιστολή του Ιωάννου''', '''''Bēta Epistoli tou Ioannou''''', ek wol koartwei '''''2 Jehannes''''' neamd, is it 24ste boek fan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. It is de 19de fan 'e [[brieven yn it Nije Testamint|brieven]], en de fyfde fan 'e ''[[Algemiene Seinbrieven]]''. ''2 Jehannes'' wurdt tradysjoneel taskreaun oan 'e [[apostel]] [[Jehannes (apostel)|Jehannes]] (±[[6]]-±[[100]]), en de tekst komt kwa taaleigen en skriuwstyl sa bot oerien mei fral ''[[3 Jehannes]]'', mar ek mei ''[[1 Jehannes]]'' en it ''[[Evangeelje fan Jehannes]]'', dat de grutte mearderheid fan 'e saakkundigen it deroer iens is dat se fan 'e hân fan deselde [[skriuwer]] binne (de ''[[Iepenbiering fan Jehannes]]'' wykt folle mear ôf en oer it auteurskip dêrfan besteane dan ek mear twifels). Wêr't bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] it lykwols net oer iens binne, is oft de [[evangelist]] [[Jehannes (evangelist)|Jehannes]], dy't dus dizze fjouwer geskriften skreaun hawwe moat, wol deselde wie as de apostel Jehannes. ''2 Jehannes'' wurdt yn 'e regel datearre om [[98]] of [[99]] hinne. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''2 Jehannes'' wie fan 'e hân fan [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't him yn [[1913]] publisearre yn it tydskrift ''[[Yn ús eigen tael]]''.
 
===Ynhâld===