Ferskil tusken ferzjes fan "Manigeïsme"

L
[[]] dan sa
L (red)
L ([[]] dan sa)
[[Ofbyld:Manicheans.jpg|thumb|200px|Manigeeske prysters oan skriuwtafels, foarsjen fan tekst yn it [[Sogdysk]]. Manuskript út Khocho ([[Tarimbekken]]).]]
It '''manigeïsme''' is in âlde [[religy]] dy't eartiids troch de [[profeet]] [[Many (profeet)|Many]] ([[216]]-[[276]]) stifte waard yn it âlde [[Perzyske Ryk|Perzje]]. Many groeide op yn 'e [[joadendom|joadsk]]-[[kristendom|kristlike]] sekte fan de [[elkesaïten]] (dy't mooglik besibbe wie oan 'e religy fan it[[mandeïsme]]), mar ferkundige op eigen manneboet, op grûn fan eigen gewaarwurdings, syn godstsjinstige ynsichten oan 'e minsken. Dizze ynsichten holden harren benammen dwaande mei de folsleine tsjinstelling tusken ljocht en tsjuster, tusken [[goed en kwea]], tusken [[siel (geast)|siel]] en [[matearje|stof]]. Dizze lear waard letter nei him it manigeïsme neamd. Yn dit [[gnostisisme|gnostysk]] [[dualisme]] seach Many himsels as de troch [[Jezus Kristus|Jezus]] taseine úteinlike iepenbierder. Many frege fan syn folgelings dat sy harren oan in strange [[askeze]] en oan in [[fegetarisme|fegetaryske]] libbenshâlding holden. Neffens Many koe de siel weromkeare nei it ljocht. It manigeïsme beskikte oer in wiidweidige [[mytology]].
 
[[Kategory:Religy]]
82.878

bewurkings