Ferskil tusken ferzjes fan "Strange Brief"

L
+ berjocht
(Nije side)
 
L (+ berjocht)
 
It ''Strange Brief'' wurdt nei ferwiisd yn ''2 Kor.'' 2:4 : ''"Want út swiere benearing en in benaud herte haw ik, mei gâns triennen, jimme skreaun. Ik woe jimme gjin fertriet dwaan, mar jim dúdlik meitsje hoe bysûnder oft ik fan jimme hâld."'', en yn ''2 Kor.'' 7:8-9 : ''"As ik jimme al fertriet dien haw troch myn brief, dan haw ik dêr gjin spyt fan. Hie ik der al spyt fan hân — want ik sjoch dat dat brief jimme, al wie it mar foar in skoftke, fertriet dien hat — no bin ik dochs bliid. Net om't jimme fertriet hân hawwe, mar om't it fertriet jimme ta bekearing brocht hat. Jimme fertriet wie sa't God dat hawwe wol, en sa hawwe jim yn gjin ding skea fan ús hân."'' Dizze omskriuwing slút ''2 Korintiërs'' út om't er dêryn stiet en dêr dus net nei ferwize kin, en ''1 Korintiërs'' liket der alhiel net op, dat sadwaande binne der oangeande dit ''Strange Brief'' ta teoryen. De meast foar de hân lizzende is dat dat brief ferlern gien is. In alternative teory is dat it eins om ''2 Kor.'' 10-13 giet, en dat dy haadstikken dus oarspronklik in selsstannige tekst west hawwe dy't letter oan ''2 Kor.'' taheakke is.
 
{{Berjocht:Apokryf}}
 
[[Kategory:Bibel]]