Antígoné: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L + makker
Rigel 1:
[[File:Lytras nikiforos antigone polynices.jpeg|thumb|right|300px|Antígoné by it lyk fan har broer Poluneikês.<br> Skilderij fan [[Nikiphoros Lytras]] (1832–1904)]]
'''''Antígoné''''', yn it oarspronklike [[Aldgryksk]] '''Ἀντιγόνη''', '''''Antigonē''''', is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e grutte [[Grikelân|Grykske]] [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[Sofoklês]] (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't diel útmakket fan 'e saneamde ''[[Tebaanske Trilogy]]'' (mei ''[[Kening Oidipoes]]'' en ''[[Oidipoes yn Kolonos]]''), wêrfan't it it trêde diel foarmet, al is it as earste skreaun. In oare Grykske toanielskriuwer, [[Euripides]], hie ek in stik dat fan ''Antígoné'' hiet, mar dat is op in pear fragminten nei ferlern gien. Yn ''Antígoné'' is de haadrol weilein foar Oedipoes syn dochter Antígoné, dy't foar in dilemma komt te stean: it earfolle dwaan en dan ta de dea feroardiele wurde, of har slûksturtsjend katoen hâlde en trochlibje. Hja kiest foar de earfolle wei, wat in katastrôfe opsmyt foar it keningshûs fan [[Tebe (Grikelân)|Tebe]]. Sofoklês skreau dit toanielstik yn of foàr it jier 441 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e toanielwedstryd op it [[Atene|Ateenske]] [[Feest fan Dionysus]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] ferskynde yn [[1991]].