Lier (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 164:
[[Ofbyld:Leerhafen1850.jpg|thumb|left|280px|De haven fan Lier om 1850 hinne.]]
 
De stêd krige yn 1856 in treinferbining mei de "Hannoversche Westbahn", dy’t [[Emden]] yn it noarden ferbûn mei it [[Ruhrgebiet]] yn it suden. Yn 1866 kaam Eastfryslân, en dêrmei ek Lier, ûnder it bewâld fan [[Prusen]]. Under it nije bestjoer waard fierder wurke oan de ynfrakstruktuer. Tusken 1867 en 1869 waard de treinferbining nei [[Aldenboarch]] boud, yn 1876 kaam dêr it spoar nei [[Nijeskâns]] by. Dêrmei waard Lier init sintraalsintrale punt foar it (trein-)ferkear yn Eastfryslân. Yn 1990 kaam der noch in spoarferbining by nei [[Auwerk]] nei [[Wittmund (stêd)|Wittmund]] ta. Dy treinferbining (foar lytse treinen) hold yn 1956 op te bestean foar persoansferfier, yn 1967 waard de tsjinst foar it ferfier fan guod ek stilset.
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Lier net sa bot rekke troch bombardeminten, lykas yn de stêd Emden wol it gefal wie. De stêd waard op 28 april 1945 ynnommen troch de Kanadezen. NeiYn de oarlochearste kamenjierren relatyfnei inde protteoarloch flechtlingenstie neide stêd Lier ta,en dy’tit ferjagedistrikt wienenLier útûnder it earderebewâld Dútskefan ryksgebietin eastlikBritske fanmilitêre kommandant. Yn 1946 waarden de rivierenearste [[Oder]]politike partijen wer talitten en [[Neisse]].yn Ynitselde 1950jier wennenwaarden 5op 15 septimber de earste nije ferkiezings holden.578 Nei de oarloch groeide it ynwennertal hurd troch de komst fan flechtlingen ynút Lier,de dy’teardere meiïnoarDútske 27,1ryksgebieten persintdy't fuort nei de oarloch ûnderdiel waarden fan Poalen (eastlik fan de hielerivieren stedsbefolking[[Oder]] wieen [[Neisse]]).
[[Ofbyld:LeerStreet.jpg|thumb|Tusken 1971 en 1990 waard de histoaryske binnenstêd fan Lier renovearre.]]
By de ein fan de oarloch yn 1945 hie de stêd sa'n 14.200 ynwenners, fiif jier dêrnei kaam it ynwennertal boppe de 20.000 út.<ref>Enno Eimers: ''Kleine Geschichte der Stadt Leer''. Utjouwerij Schuster, Lier 1993, ISBN 3-7963-0293-9, side 116.</ref> Yn 1950 wennen 5.578 flechtlingen yn Lier, 27,1 persint fan de hiele stedsbefolking. De stêd hie dêrtroch in grut ferlet fan nije wenningen wêrfan de stêd sels ek opdracht joech om nije huzen te bouwen. Troch de flechtlingen, en de weromkommende Dútske soldaten dy't nei de oarloch earst noch finzen holden waarden, hie de stêd ekonomyske problemen. Der wie lang net genôch wurk foar alle ynwenners. De stêd Lier en it distrikt Lier wurken oan safolle mooglik fasiliteiten dy't nedich wienen om nije bedriuwen nei de stêd ta te heljen. Tusken 1948 en 1960 groeide it tal yndustriële bedriuwen fan 20 nei 36, it tal hannelsûndernimmingen groeide yn dyselde tiid fan 20 nei 36.<ref>Enno Eimers: ''Kleine Geschichte der Stadt Leer''. Utjouwerij Schuster, Lier 1993, ISBN 3-7963-0293-9, side 118.</ref>
 
Yn it jier 1950 krige Lier in nij wapen. It stedswapen waard tekene neffens in ôfdruk fan in segel út it jier 1639. Op 1 oktober 1955 krige Lier syn status as selsstannige stêd. Yn 1968 waarden Heisfelde en Loga stedsdielen fan Lier, yn 1971 folge Leerort ek. Bingum, Hohegaste, Logabirum, Nettelburg en Nüttermoor waarden yn it jier 1972 stedsdielen fan Lier, sadat it ynwennertal fan de stêd foar it earst boppe de 30.000-ynwenners-grins kaam te lizzen.
 
Yn 1971 waard begûn mei de renovaasje fan de histoaryske binnenstêd. Neffens de oarspronklike plannen wie it de bedoeling en sanearje it hiele gebiet. Nei ferskillende aksjes fan de befolking waarden de politisy oerhelle om net alles mei de grûn lyk te meitsjen en de âlde bouwurken te renovearjen. It renovaasjewurk waard tusken 1971 en 1990 útfierd. De fernijde histoaryske binnenstêd hie in positive ynfloed op it toerisme en makke fan Lier de meast favorite winkelstêd yn Eastfryslân.
 
== Befolking ==