Lier (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 159:
De namme Lier waard om it jier 792 hinne bekend. De Fryske apostol en biskop fan Munster [[Liudger]] reizge yn opdracht fan [[Karel de Grutte]] troch de Fryske lannen, en boude in tsjerke yn Lier.<ref name="Geskichte leer.de">[http://www.leer.de/index.phtml?NavID=1778.29&La=1 Skiednis op leer.de]</ref>
 
Yn de lette 14e en iere 15e ieu wiewaard Lier troch de Eastfryske haadling [[Focko Ukena]] ta it politike sintrum fan Eastfryslân makke. Hy boude om it jier 1421 hinne de Fockenboarch enhyen hy neamde himsels Haadling fan Lier. Focko Ukena hie in ferbûn mei de piraten, hy hie [[Okko II tom Brok]] yn de [[Slach fan Detern]] en de [[Slach op de Wylde Ikkers]] ferslein, en de striid mei de ierdsbiskop fan Bremen en de greven fan Aldenboarch wûn. De oare Eastfryske boeren fielden har troch de hieltyd tanimmende ynfloed en macht fan Ukena bedrige. It [[Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen]] fersette him tsjin Focko Ukena en belegere de Fockenboarch yn it jier 1430. By dy belegering waard de boarch mei de grûn lykmakke. Neffens skiedkundige [[Ubbo Emmius]] en oare skriuwers koenen minsken dy’t in bedriging foar de [[Fryske frijheid]] wienen gjin beskûl mear sykje yn de boarch. Net fier fan de Fockenboarch boude ien út de neiteam fan Ukena, Hayo Unken, de Harderwykenboarch yn de lette 15e ieu. De befolking seach Hayo Unken en syn Harderwykenboarch net as in bedriging foar de Fryske frijheid.<ref name="Geskichte leer.de">[http://www.leer.de/index.phtml?NavID=1778.29&La=1 Skiednis op leer.de]</ref>
 
De [[Cirksena]]’s en de [[Hânze]]stêd [[Hamboarch]] bouden nije hannelsrûtes troch de Fryske lannen. Yn dy tiid waard de boarch Stikhuzen boud as beskerming foar dy rûtes. Yn it jier 1453 kaam de fêsting [[Leerort]], en dêrmei de stêd Lier, ûnder it bewâld fan [[Ulrich Cirksena]]. Under de neiteam fan Ulrich Cirksena waard Leerort de sterkste fêsting yn ‘e regio. Cirksena waard yn 1464 ferheven ta greve fan Eastfryslân. De stêd hat noch in aardich skoft residinsjestêd west fan de Eastfryske greven. Hja wienen yn de 16e ieu wol gauris yn Leerort. Dêrnei waard Auwerk de residinsjestêd. Yn 1508 krige Lier syn merkrjocht. Truch de hannel dy’t dêrtroch ûntstie koe de stêd groeie. Sa hie de stêd om it jier 1600 hinne tusken de 3.000 en 5.000 umwenners en sa likernôch tusken de 500 en 550 huzen. <ref name="leer.de Geschichte">[http://www.leer.de/index.phtml?mNavID=1778.302&sNavID=1778.302&La=1 www.leer.de] Geschichte -> Aufstieg zum Marktflecken op de webside leer.de</ref> De [[waach]] fan Lier waard yn 1714 boud.