Lier (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 148:
Omdat der sa likernôch 34.000 minsken op in oerflak fan 70,3 fjouwerkante kilometer wenje, hat Lier de twadgrutste befolkingstichtens. Mei 486 minsken de fjouwerkante meter leit de befolkingstichtens net allinnich heger as it Eastfryske gemiddelde mar ek boppe de trochsnee befolkingstichtens fan de dielsteat [[Leechsaksen]] (sa’n 168 minsken de km²) en fan [[Dútslân]] (sa’n 230 minsken de km²).
Ticht beboud binne it sintrum en de stedsdielen Leerort, Heisfelde en dielen fan Loga. De oare stedsdielen binne lang sa ticht beboud net en op sommige plakken hawwe se sels in agrarysk karakter. Dat jildt benammen foar Hohegaste en Nettelburg dy’t beide gjin eigen sintrum hawwe.
 
Nei de dea fan de lêste foarst fan Eastfryslân, Carl Edzard Cirksena, waard Eastfryslân en dêrmei de stêd Lier ûnderdiel fan [[Prusen]]. In jiermannich letter begûn de [[Sânjierrige Kriich]] wêryn’t Lier beset waard troch Frânske en Eastenrykske troepen yn it jier 1757. De stêd waard net fan soldaten plondere mar de skea dy’t hja tabrochten wie heech. Twa-tredde fan alle skea yn de Sânjierrige Kriich yn Eastfryslân wie yn Lier en de Evenboarch.
 
== Skiednis ==
Line 158 ⟶ 156:
 
De [[Cirksena]]’s en de [[Hânze]]stêd [[Hamboarch]] bouden nije hannelsrûtes troch de Fryske lannen. Yn dy tiid waard de boarch Stikhuzen boud as beskerming foar dy rûtes. Yn it jier 1453 kaam de fêsting [[Leerort]], en dêrmei de stêd Lier, ûnder it bewâld fan [[Ulrich Cirksena]]. Under de neiteam fan Ulrich Cirksena waard Leerort de sterkste fêsting yn ‘e regio. Cirksena waard yn 1464 ferheven ta greve fan Eastfryslân. De stêd hat noch in aardich skoft residinsjestêd west fan de Eastfryske greven. Hja wienen yn de 16e ieu wol gauris yn Leerort. Dêrnei waard Auwerk de residinsjestêd. Yn 1508 krige Lier syn merkrjocht. Truch de hannel dy’t dêrtroch ûntstie koe de stêd groeie. Sa hie de stêd om it jier 1600 hinne tusken de 3.000 en 5.000 umwenners en sa likernôch tusken de 500 en 550 huzen. <ref name="leer.de Geschichte">[http://www.leer.de/index.phtml?mNavID=1778.302&sNavID=1778.302&La=1 www.leer.de] Geschichte -> Aufstieg zum Marktflecken op de webside leer.de</ref> De [[waach]] fan Lier waard yn 1714 boud.
 
Nei de dea fan de lêste foarst fan Eastfryslân yn [[1744]], [[Carl Edzard|Carl Edzard Cirksena]], waard Eastfryslân en dêrmei de stêd Lier ûnderdiel fan [[Prusen]]. In jiermannich letter begûn de [[Sânjierrige Kriich]] wêryn’t Lier beset waard troch Frânske en Eastenrykske troepen yn it jier 1757. De stêd waard net fan soldaten plondere mar de skea dy’t hja tabrochten wie heech. Twa-tredde fan alle skea yn de Sânjierrige Kriich yn Eastfryslân wie yn Lier en de Evenboarch.
[[Ofbyld:Leerhafen1850.jpg|thumb|left|280px|De haven fan Lier om 1850 hinne.]]