Ofslútdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw ferskate details wat oanpast, foar safier ik der fan wit.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Ofslútdyk.png|thumb|500px|In satellytfoto fan de Ofslútdyk]]
 
De '''Ofslútdyk''' is in dyk tusken it Noard-Hollânske [[DenDe Oever]] en it Fryske [[Surch]]. De dyk skiedt sûnt [[1932]] de [[Waadsee]] fan de [[Sudersee]], dy't fan dat momint ôf de ‘[[Iselmar]]’ foarmet. De wetterkering is 32 kilometer lang en sa'n 90 meter breed. De Ofslútdyk is in part fan de [[Suderseewurken]], ûntwikkele troch [[Cornelis Lely]]. De namme ''Ofslútdyk'' ferwiist nei de oarspronklike opset, wêrby de hiele hjoeddeiske Iselmar ynpoldere wurde soe. Mar de Ofslútdyk is in daam wurden yn stee fan in dyk, omdat iter gjin lân en wetter skiedt, mar wetter tsjinhâldt.
 
Yn earste ynstânsje soe der ek in treinspoar op de Ofslútdyk komme. Dêr wie ek rekkenskip mei hâlden, mar úteinlik is der gjin treinspoar op kaam, mar in ekstra brede sneldyk. Oan de noardside, de kant fan de Waadsee, leit ek in fytspaad. Der binne útstellen om by it opheegjen fan de daam yn de takomst dochs noch in spoar oan te lizzen.
 
== Skiednis ==
Al yn [[1886]]de 17e ieu waarden de earste plannen makke foar in ôfslútdyk., Ynmar yn die tiid bleau it by plannen; der waard oannaam dat it droechlizzen fan de binnensee technysk net-útfierber wêze soe. Dat feroare earst yn yn [[1886]]. Dat jier waard de Suderseeferieniging oprjochte, dy’t ûndersykje moastwoe of de Súdersee ek ynpoldere wurde koe. Yngenieur Cornelis Lely wie dêrder ek lid fan en hy wie de dejinge dy't it plan foar it projekt makke. Yn [[1913]], doe’t Lely al minister fan Wetterstaat wie, waard ynpoldering yn it regearprogram set. Yn dy tiid wiene der noch in protte protesten, mar nei de wettersnoadrampwettersneed fan [[1916]] wie de tiid klear foar it projekt en twa jier letter gie it parlemint dan ek akkoart.
 
Yn juny [[1920]] gie it projekt fan start. Der waard begong mei de oanlis fan de Amsteldjipdyk fan [[Noard-Hollân]] nei [[Wieringen]], dat yn dy tiid noch in eilân wie. Sân jier letter begong de bou fan de Ofslútdyk echt. Der waard besletten om fan fjouwer plakken ôf te bouwen. Fan de beide kanten ôf, yn [[Fryslân]] en Noard-Hollân., Enen fan deit wurkeilannenwurkeilan [[Breesân (wurkeilân)|Breesân]] en [[Koarnwertersân]]ôf.
 
Op [[28 maaie]] 1932, om twa minuten oer ienen yn de middei, fiif jier nei it begjin fan de bou, waard it lêtstelêste gat yn de Ofslútdyk sletten. Fjouwer moanne letter, op [[20 septimber]] 1932, waard de namme fan de Sudersee offisjeel wizige ynta it Iselmar. Noch ris in jier letter waard op [[25 septimber]] [[1933]] de dyk iepene foar it ferkear.
 
Yn de Ofslútdyk sit krekt foar de Fryske kust in knik yn de dyk. Dy knik is ynboud om sa de útstream fan it Iselmar te fergemaklikjen. It slûzekompleks fan Koarnwertersân wettert ôf op de skeane geul fan de Middelgrûnen. It like de yngenieurs better om it slûzekompleks rjocht op de geul te pleatsen, omdat it wetter dan yn in rjochte line fuort streamt.