Ella Fitzgerald: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +kat
No edit summary
Rigel 3:
(* [[25 april]] [[1917]], [[Newport News]](?)
- † [[15 juny]] [[1996]], [[Beverly Hills]])
ek wol ''"First Lady of Song", "Queen of Jazz" en "Lady Ella"'' neamd, wie in Amerikaansk [[jazz]] sjongster mei in fokaal berik fan trije [[oktaven]]. Sy stie bekend om har suverens fan toan, treftich [[diksje]], [[frasearring]], [[yntonaasje]] en in hoarnige ymprovisatoarysk fermogen, foaral yn har [[scat]]-sang.
 
Fitzgerald wie in wichtige ynterpetearrer fan [[The Great American Songbook]]. Yn de tiid fan har 59-jier lange opnim karriêre, hat sy 40 miljoen [[plate-albums]] ferkocht fan har mear as 70 [[albums]]. Sy wûn 13 kear in [[Grammy Award]], ek is har de ''National Medal of arts'' troch [[Ronald Reagan]] en de ''Presidential Medal of freedom'' troch [[George H. W. Bush]] takend.
 
==It iere libben==
 
Fitzgerald wie berne yn [[Newport News, Virginia]], de dochter fan ''Temperance'' en ''William Fitzgerald''. It pear skiede koart nei de berte en Ella en har mem ferfarren nei [[Yonkers, New York]], wêr't sy by de lange termyn freon fan Temperance wenjen gien binne, ''Joseph Da Silva''. Ella's heal suster ''Frances da Silva'' wie berne yn 1923. Sy en har famylje wienen [[metodisten]] en wienen aktyf yn de "''Bethany African Methodist Episcopal Chruch''" dêrby wennen sy regelmjittich earetsjinsten, bibel stúdzje en sneinsskoalle by.
 
Doe't Ella jong wie, woe sy dûnseres wurde, hoewol't sy tige hâlde om nei jazz muzyk te harkjen fan bygelyks [[Louis Armstrong]], [[Bing Crosby]] en [[The Boswell Sisters]]. Al wie har wiere idoal [[Connee Boswell]], letter sei sy dan ek: "Myn mem naam op in dei ien fan har opnames mei nei hûs en ik wie gelyk fereale... Ik die sa myn bêst om op har te klinken."
 
Yn 1932, ferstoar har mem oan in hertoanfal. Hjirnei gienen Ella's sifers dramatysk nei ûnderen ta en sy skûltsjesette faaks fan skoalle. Misbrûkt troch har styfheit, rûn se fuort nei har muoike en op it stuit wurke sy as útkyk foar in [[bordeel]] en foar by de [[maffia]] oansletten [[nûmers]] rinners. Doe't de autoriteiten der fan hearden wurde se yn it earste plak te plak brocht yn it ''Colored Orphan Asylum'' yn [[Riverdale, Bronx]]. Lykwol, doe't it weeshûs sletten waard, omdat der te drok waard, wurde se ferpleatse nei it ''New york Training School for Girls'' yn [[Hudson, New York]], in steatlike tuchtskoalle. Úteinlik ûntkaam se der oan en wie se dakleas foar in tiid.
 
==De iere karriêre==
 
 
 
{{DEFAULTSORT:Fitzgerald, Ella}}