Ferskil tusken ferzjes fan "Strân"

25 bytes lytser ,  7 jier lyn
L
red. oars net
L (red)
L (red. oars net)
In '''strân''' is in stripe lân mei in bytsje of gjin [[fegetaasje]] by in wetter (in [[see]], [[oseaan]] of in [[mar (wetter)|mar]]) lâns. In strân rint nei de see ta ôf en giet oer yn de seeboaiem.
 
Meastentiids bestiet in strân út benammen [[sân]] ('sânstrân'), soms út benammen keizels ('keizelstrân') of skulpen ('' skulpestrân'). Guon strannen besteane út fulkanysk sân en binne swart fan kleur. In strân is in bytsje of net begroeid, hoewol't op rêstige strannen, lykas op it eilân [[Skiermûntseach]] en by [[Nieuwvliet]] yn [[Sieusk-Flaanderen]] der lokaal wol wat [[halofyl|sâltminnendsâltplanten]]e planten groeie, en wat [[helmgers]]. Soms wurde ek mooglike oanwêzige [[Dún (geografy)|dunen]] ta it strân rekkene. In kuststripe dy't út fêster materiaal bestiet, lykas rotsen, of dy't begroeid is, wurdt faak [[ouwer]] neamd.
 
In strân by in see of oseaan lâns, rint (diels) ûnder wetter as it [[floed]] is. Meastal bliuwt in grut stik strân droech, mar by útsûnderlike omstannichheden ([[springfloed]] ), oanlannige [[Wyn (meteorology)|wyn]]) kin it heule strân ûnderstrûpe. De boppegrins fan it strân (dêr't de begroeiïng begjint) jout dus ek oan hoe fier it wetter komme kin.
 
Op in strân oan in see of oseaan fynt men oer it generaal [[seewier]], [[skulp]]en en [[skiiffkwallen|kwallen]]. Ek spiele in soad oare dingen oan, lykas wrekhout, ôffal, dingen dy't fan skippen ôffallen binne. [[Strânjutter]]s sykje om weardefolle dingen dy't op it strân te finen binne. Earder ( [[Midsieuwen]]) bestie it [[strânrjocht]]: it rjocht fan de lânhear of de lokale befolking op alles wat op hetit strân oanspielde. Tsjintwurdich bliuwt yn de measte westerske lannen dat wat oanspielt fan de rjochthawwende (meast de eigener).
 
In strân wurdt faak brûkt as [[rekreaasje]]gebiet, benammen by't simmer. Der kin dan sinnebaaid, yn de see swommen, sânkastielen boud wurde en folle mear. [[Sylweinride]] en [[strânfollybal]] binne typyske strânsporten. Hjerstmis wurdt it strân brûkt om út te waaien.
 
Om derfoar te soargjen dat alle aktiviteiten op it strân feilich ferrinne stelle strângemeenten faak frijwillige [[rêdingsbrigade]]s of betelle [[strânwacht]]en oan om tafersjoch te hâlden. DizzeDy [[helpferliener]]s hâlde net allinnich tafersjoch en dogge [[Earste Help By Ungelokken|EHBO]], se binne ek altiten oan te sprekken op foarljochting en helpe bern dy't harren âlden kwytrekke binne en oarsom. In strân dat foldocht oan bepaalde kritearia oangeande it miljeu en feilichheid kinne in [[Blauwe Flagge]] hawwe.
 
Omdat der simmerdeis faak [[ferkearsopstopping]]en op de rûtes nei it strân ta binne, lizze guon stêden as [[Amersfoart]] en [[Amsterdam]] sûnt in pear jier tydlike stêdsstrannen oan.
82.739

bewurkings