Wilhelmina fan de Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Hindrik (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Hindrik (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 7:
Yn it [[Lúksemboarch (lân)|Gruthartochdom Lúksemboarch]] waard fanwege de Salyske wet in oare opfolger keazen út it Hûs fan Nassau, en koe Wilhelmina har heit dêr net opfolgje.
 
Op [[31 augustus]] [[1898]] waard Wilhelmina yn de Nije Tsjerke yn [[Amsterdam]] ynhuldige. Yn [[1901]] troude sy mei [[Prins Hendrik fan Mecklenburg-Schwerin]], dat houlik wie net lokkich en it duorre in skoft foardat sy in bern krigen. De berte fan harren iennichste bern [[Juliana fan Nederlân|Juliana]] ([[30 april]] [[1909]]) waard ek eins net mear ferwachte.
 
Hja die har wurk mei tawijing en toande har yn de Earste Wrâldoarloch in striidbere 'soldatekeninginne', dy't geregeld by de troepen yn it fjild kaam te sjen. Troch har gedrach seach se yn novimber 1918 kâns in troch sosjalistelieder Pieter Jelles Troelstra ferwachte revolúsje te foarkommen. Yn de Twadde Wrâldoarloch fêstige se har yn Londen en besocht fan dêrút troch útstjoerings fan Radio Oranje betrouwen yn de befrijing oer te bringen. Se hie ek kontakten mei fersetsstriders en Ingelânfarders (fersetsminsken dy't nei Ingelân oerstutsen wiene).