A Civil Campaign: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2759020
→‎Plot: typfout
Rigel 32:
Nei dy jûn ferbiede har âldelju Kareen om noch gedoente te hawwen mei wa ek út 'e Vorkosigan-húshâlding, wat sawol Kareen as Mark slim yn 'e wei is. Wol wit Kareen noch te beävensearjen dat har suster Martya har plak as assistinte fan dr. Borgos oernimt (yn ruil foar oandielen yn 'e bûterbistke-ûndernimming). En se skeakelet Ekaterin yn (ek yn ruil foar oandielen) om in ûntwerp te meitsjen foar in wat better eagjende uterlike foarm fan 'e bûterbiskes. Datlêste smyt, nei't dr. Borgos it ûntwerp mei genetyske manipulaasje yn 'e praktyk brocht hat, de saneamde "glorieuze bistkes" op.
 
Dan docht By Vorrutyer oan Ivan in ferslach troch fan in diner dêr't al Miles syn politike tsjinstanners oanwêzich wiene, mei dêrûnder Alexi Vormoncrief, Sigur Vorbretten en Richars Vorrutyer. It skynt dat de mannen geandewei de jûn, op grûn fan in út syn ferbân skuorde ferzje fan Miles syn eigen diner, in belastering fan Miles optocht hawwe, as soedsoe hy Ekaterin har man, Tien Vorsoisson, deadien hawwe om dêrnei mei dy syn widdo trouwe te kinnen. Dat is fansels net wier, mar Miles kin nimmen fertelle hoe't Tien syn dea dan wol gien is, om't ''ImpSec'' de hiele saak ta uterst geheim klassifisearre hat (sjoch: ''[[Komarr]]''). Om't Miles Ivan syn besykjen om mei him yn kontakt te kommen negearret, merkt hy pas wat fan dizze lasterpraatsjes as Richars Vorrutyer by him op besite komt en him dermei besiket te sjantearjen. Dat is in nuvere flater, want oant dy tiid ta hie Miles him op 'e flakte holden wat de striid om it Vorrutyer-greefskip oanbelange, mar no smyt er syn hiele politike gewicht efter Dono Vorrutyer, dy't er te sines útnoeget om tegearre mei René Vorbretten in mienskiplike strategy út te wurkjen.
 
Om dyselde tiid hinne trappearret Ekaterin Alexi Vormoncrief derop dat er temûk it hûs fan har omke, perfester Vorthys, by wa't sy tydlik ynwennet, ynkrongen is en mei hurde hân ynformaasje út har njoggenjierrige soan Nikki besiket los te krijen oer de jûn fan syn heite dea. Ekaterin rekket mei de man sels suver slaande deilis en allinne de oanwêzigens fan Simon Illyan, dy't har krekt doe besocht om syn ûntskuldigings oan te bieden foar syn útspraak ûnder Miles syn diner, komt foar dat de saak alhiel út 'e klauwen rint. Dit foarfal makket lykwols kommunikaasje mei Miles, dy't der sûnt dy needlottige jûn net mear west hat, wol wer needsaaklik. Om't Nikki no tefolle fragen hat om him noch yn loksillige ûnwittendheid te hâlden, stelt Miles út om him mei in goekunde fan him prate te litten, waans heit ek al weirekke doe't er noch hiel jong wie. Dy goekunde blykt nimmen oars as keizer Gregor sels te wêzen en dy fertelt Nikki mear oer Tien Vorsoisson en de saken op Komarr dêr't dy yn behelle wie, as dat Ekaterin en Miles wol wollen hiene. Mar hy jout de jonge ek tastimming om yn needgefallen streekrjocht kontakt mei himsels op te nimmen.