Syrje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 48:
Yn de 7e ieu ([[635]]) ferovere de [[Arabyske Ryk|Arabieren]] it lân en waard it efterinoar bestjoerd troch de [[islam]]ityske dynastyën fan de [[Omajaden]], de [[Abbasiden]], de Turkske [[Seltsjoeken]], de ta de islam bekearde [[Mongoalske Ryk|Mongoalen]], de Egyptyske [[Mammelukken]] en lang om let de [[Ottomaanske Ryk|Ottomanen]]. Allinnich yn it tiidrek fan de krústochten wienen der in skoftsje [[kristendom|kristlike]] foarstedommen fêstige.
 
Nei de [[Earste Wrâldkriich]] waard oer gebiet in [[Frankryk|Frânsk]] protektoraat fêstige, dat oant-en-mei [[1946]] yn stân bleau.<ref name="WDL">{{cite web |url = http://www.wdl.org/en/item/400/ |title = Report of the Commission Entrusted by the Council with the Study of the Frontier between Syria and Iraq |website = [[World Digital Library]] |date = 1932 |accessdate = 2013-07-09 }}</ref> Sûnt dy tiid krige it selsstannigens. Yn [[1956]] ûntstie de [[Feriene Arabyske Republyk|FAR]] dêr't Syrje har tegearre mei [[Egypte]] by oan slute. Dizze gearwurking soe lykwols net lang stân hâlde want in militêre kûp yn [[1961]] makke in ein oan de FAR en Syrje gong op har sels.
 
Yn [[1963]] kaam de links-nasjonalistyske [[Ba'ath]]-partij, fia in nije steatsgreep oan de macht dy't ferskate nasjonalisearrings trochfierden. Tidens de [[Juny-Oarloch]] fan [[1967]] beset [[Israel]] de [[Golan Heechflakte]]. De lieder fan de Ba'ath-partij [[Hafiz al-Assas]] luts yn [[1970]] alle macht nei him ta. Hy waard presidint foar it libben. Nei syn dea yn [[2000]] waard by opfolge troch syn soan [[Bashar al-Assad]].