Frisistyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 10:
 
== Ferneamde frisisten ==
De prefester [[Everwinus Wassenbergh]] (1742-1826) fan de [[universiteit fan Frjentsjer]] wie de earste dy't him op akademysk nivo ynsette foar ûndersyk en stúdzje nei it Frysk. Ut de 19e ieu kinne [[Joast Hiddes Halbertsma]] (1789-1869) en [[Waling Dykstra]] (1821-1914) troch harren wurk, foar ûnder oaren in modern Frysk wurdboek, taalbouwers neamd wurde dy't in pear wichtige boustiennen levere hawwe foar de 20e ieuske frisistyk.
 
[[Theodor Siebs]] (1862-1941) wie de grûnlizzer foar de moderne frisistyk. Hy hold him mei dwaande mei alle trije Fryske talen en hat ferskate taalwittenskiplike boeken skreaun. [[Pieter Sipma]] (1872-1961) wie de earste lektor Frysk oan de Grinzer universiteit, ûnderhold taalkundige kontakten yn de oare Fryslannen, en skriuwe wittenskiplike wurken. [[Tony Feitsma]] (1928-2009) promovearre cum laude op it Midfrysk fan Gysbert Japiks, hat foar trije universiteiten wurke, en hat in protte wittenskiplike publikaasjes op har namme. De út Sweden ôfkomstige [[Nils Århammar]] (1931) hat him as frisist benammen talein op it Noardfrysk. Hy hat ferskillende literêr-wittenskiplike wurken skreaun en ferskillende taalkundige publikaasjes oer de Noardfryske dialekten. Hy wie de earste prefester „Frysk en syn didaktyk“ oan de Flinsboarger universiteit, sadat doe foar it earst yn Dútslân leararen Frysk universitêr oplaat wurde koene. De út de Feriene Steaten ôfkomstige [[Marron Curtis Fort|Marron Fort]] (1938) wurke fan 1983 oant 2003 by de universiteit fan Aldenboarch, dêr't hy ûndersyk die nei it Sealterfrysk en in wurdboek publisearre. [[Philippus H. Breuker]] (1939) wie heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde en wurke by de Fryske Akademy yn Ljouwert. Hy hat talrike bydroegen skreaun oer de literatuerskiednis en ferskillende oare publikaasjes dy't fan belang binne foar de frisistyk.