Frisistyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 2:
 
== Universiteiten en ynstituten ==
By it Frysk Ynstitút oan de [[Universiteit fan Grins|Grinzer universiteit]] wurdt ûndersyk dien nei it Frysk en der is in akademyske oplieding mei de namme [[Stúdzje Fryske Taal en Kultuer]]. Oan de [[Noardlike Hegeskoalle Ljouwert]] (NHL) wurde learareopliedingen op bachelor en master nivo jûn. Sawol by de Grinzer universiteit as by de NHL leit it swiertepunt fan ûndersyk en stúdzje by it Westerlauwersk Frysk, dêrneist wurdt der sydlings ek omtinken jûn oan it Noardfrysk en Sealterfrysk. De [[Fryske Akademy]] (FA) yn [[Ljouwert]] is in ynstitút dat sûnt 1938 wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en mienskip. De FA fersoarget fia bysûndere learstuollen yn Leiden en Amsterdam universitêr ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal- en letterkunde en de midsieuske skiednis fan Fryslân. Dêrneist publisearret de FA ferskillende wurdboeken foar it Frysk út lykas it [[Wurdboek fan de Fryske Taal]] en it Frysk Hânwurdboek. De Fryske Akademy publisearret ek wurdboeken fan de ferskillende Fryske dialekten en oare taalkundige wurken.
 
Yn Dútslân binne der oan universiteiten fan [[universiteit fan Kiel|Kiel]] en Flinsboarch prefesters foar it Frysk. Oan de universiteit fan Kiel wurdt de stúdzje ''Friesische Philologie'' oanbean en mei de kartoteek fan de Noardfryske dialekten wurde dêr wittenskiplike wurdboeken foar de ferskillende Noardfryske tongslaggen gearstald. By de stúdzje Fryske filology stiet it Noardfrysk sintraal, dêrneist is der ek omtinken foar it Westerlauwersk Frysk en Sealterfrysk. Yn Flinsboarch wurde kursussen FryskNoardfrysk jûn op masternivo foar studinten dy't it ûnderwiis yn wolle. Oan de universiteit fan [[Carl von Ossietzky Universiteit|Aldenboarch]] is in learstoel dy't der diels foar it Sealterfrysk is. It [[Nordfriisk Instituut]] is it wittenskiplik ynstitút foar de FryskeNoardfryske taal en kultuer en jout publikaasjes yn de ferskillende Noardfryske tongslaggen út. Yn it plak Alkersum op it eilân [[Föhr|Feer]] is de 'Ferring Stiftung' as wittenskiplik ynstitút foaral dwaande mei it Frysk fan de eilannen Amrum en Feer en hat in eigen bibleteek mei stúdzjeromten.
 
== Wurkfjilden ==