Frisistyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
'''Frisistyk''' is de wittenskip dy't de Fryske taal en kultuer bestudearret. Ien dy't him dwaande hâldt mei dy wittenskip is in frisist.
 
== Undersyk ==
Undersyk rjochtet him ûnder oaren op de bestudearring fan it Ald- en Midfrysk, histoaryske en moderne leksikografy, histoaryske en moderne taalkunde, de skiednis fan 'e Fryske nammekunde en de histoaryske en moderne dialektology. Dêrneist wurdt der ûndersyk dien nei op it mêd fan taalsosjology en sosjolingwistyk, wat foar 't neist ek te krijen hat mei de status fan it Frysk as minderheidstaal. It ûndersyk kin him ek rjochtsje op de moderne taalûntwikkelingen of taalferoaringen binnen de Fryske talen.
 
== Skiednis ==
De prefester [[Everwinus Wassenbergh]] (1742-1826) fan de [[universiteit fan Frjentsjer]] wie de earste dy't him op akademysk nivo ynsette foar ûndersyk en stúdzje nei it Frysk. Hy joech de wittenskiplike bydragen út en lei dêrmei in fûnemint dêr't taalbewegers yn de 19e ieu mei fierder koenen.<ref>[http://www.dbnl.org/tekst/pieb002koar01_01/pieb002koar01_01_0007.php Haadstik 6: De Wassenbergh-skoalle] út 'Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse'</ref> Foar de oprjochting fan de Fryske Akademy wienen yn de 19e ieu en iere 20e ieu it [[Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse]] en it [[Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde|Frysk Genoatskip foar Skiednis, Kultuer en Taalkunde]] de twa belangrykste organisaasjes dy't op wittenskiplik nivo dwaande wienen mei it Frysk. De Fryske Akademy waard nei jierren fan oerlis oprjochte yn 1938.
 
It Frysk as universitêre oplieding hie yn 1896 as in privaat dosintskip tagong krigen oan 'e Ryksuniversiteit Utert en yn 1917 oan 'e [[Ryksuniversiteit Grins]]. Yn 1930 kaam der in lektoraat Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dat yn 1941 omset waard yn in folweardige learstoel. Al earder wienen oan 'e Universiteit fan Amsterdam (1934) en oan 'e Ryksuniversiteit Utert (1935) bysûndere learstuollen ta stân kommen.
 
Yn Dútslân krige de [[universiteit fan Kiel]] yn 1950 syn ''Nordfriesische Wörterbuchstelle'' (it "Noardfrysk Wurdboekynstituut"), in prefester foar Fryske filology krige dy universiteit yn 1978. De universiteit fan Flinsboarch krige syn earste learstoel yn 1963, pas yn 1988 kaam dêr ek in prefester. Nau ferbûn mei de Universiteit fan Flinsboarch is it Nordfriisk Instituut dat yn 1965 oprjochte waard.
 
== Universiteiten en ynstituten ==
By it Frysk Ynstitút oan de [[Universiteit fan Grins|Grinzer universiteit]] wurdt ûndersyk dien nei it Frysk en der is in akademyske oplieding mei de namme [[Stúdzje Fryske Taal en Kultuer]]. Oan de [[Noardlike Hegeskoalle Ljouwert]] (NHL) wurde learareopliedingen op bachelor en master nivo jûn. Sawol by de Grinzer universiteit as by de NHL leit it swiertepunt fan ûndersyk en stúdzje by it Westerlauwersk Frysk, dêrneist wurdt der sydlings ek omtinken jûn oan it Noardfrysk en Sealterfrysk. De [[Fryske Akademy]] (FA) yn [[Ljouwert]] is in ynstitút dat sûnt 1938 wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en mienskip. De FA fersoarget fia bysûndere learstuollen yn Leiden[[Ryksuniversiteit Leien|Leien]] en Amsterdam universitêr ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal- en letterkunde en de midsieuske skiednis fan Fryslân. Dêrneist publisearret de FA ferskillende wurdboeken foar it Frysk út lykas it [[Wurdboek fan de Fryske Taal]] en it Frysk Hânwurdboek. De Fryske Akademy publisearret ek wurdboeken fan de ferskillende Fryske dialekten en oare taalkundige wurken.
 
Yn Dútslân binne der oan universiteiten fan [[universiteit fan Kiel|Kiel]] en Flinsboarch prefesters foar it Frysk. Oan de universiteit fan Kiel wurdt de stúdzje ''Friesische Philologie'' oanbean en mei de kartoteek fan de Noardfryske dialekten wurde dêr wittenskiplike wurdboeken foar de ferskillende Noardfryske tongslaggen gearstald. By de stúdzje Fryske filology stiet it Noardfrysk sintraal, dêrneist is der ek omtinken foar it Westerlauwersk Frysk en Sealterfrysk. Yn Flinsboarch wurde kursussen Noardfrysk jûn op masternivo foar studinten dy't it ûnderwiis yn wolle. Oan de universiteit fan [[Carl von Ossietzky Universiteit|Aldenboarch]] is in learstoel dy't der diels foar it Sealterfrysk is. It [[Nordfriisk Instituut]] is it wittenskiplik ynstitút foar de Noardfryske taal en kultuer en jout publikaasjes yn de ferskillende Noardfryske tongslaggen út. Yn it plak Alkersum op it eilân [[Föhr|Feer]] is de 'Ferring Stiftung' as wittenskiplik ynstitút foaral dwaande mei it Frysk fan de eilannen Amrum en Feer en hat in eigen bibleteek mei stúdzjeromten.
Line 10 ⟶ 20:
 
== Ferneamde frisisten ==
De prefester [[Everwinus Wassenbergh]] (1742-1826) fan de [[universiteit fan Frjentsjer]] wie de earste dy't him op akademysk nivo ynsette foar ûndersyk en stúdzje nei it Frysk. Ut de 19e ieu kinne [[Joast Hiddes Halbertsma]] (1789-1869) en [[Waling Dykstra]] (1821-1914) troch harren wurk, foar ûnder oaren in modern Frysk wurdboek, taalbouwers neamd wurde dy't in pear wichtige boustiennen levere hawwe foar de 20e ieuske frisistyk.
 
[[Theodor Siebs]] (1862-1941) wie de grûnlizzer foar de moderne frisistyk. Hy hold him mei dwaande mei alle trije Fryske talen en hat ferskate taalwittenskiplike boeken skreaun. [[Pieter Sipma]] (1872-1961) wie de earste lektor Frysk oan de Grinzer universiteit, ûnderhold taalkundige kontakten yn de oare Fryslannen, en skriuwe wittenskiplike wurken. [[Tony Feitsma]] (1928-2009) promovearre cum laude op it Midfrysk fan Gysbert Japiks, hat foar trije universiteiten wurke, en hat in protte wittenskiplike publikaasjes op har namme. De út Sweden ôfkomstige [[Nils Århammar]] (1931) hat him as frisist benammen talein op it Noardfrysk. Hy hat ferskillende literêr-wittenskiplike wurken skreaun en ferskillende taalkundige publikaasjes oer de Noardfryske dialekten. Hy wie de earste prefester „Frysk en syn didaktyk“ oan de Flinsboarger universiteit, sadat doe foar it earst yn Dútslân leararen Frysk universitêr oplaat wurde koene. De út de Feriene Steaten ôfkomstige [[Marron Curtis Fort|Marron Fort]] (1938) wurke fan 1983 oant 2003 by de universiteit fan Aldenboarch, dêr't hy ûndersyk die nei it Sealterfrysk en in wurdboek publisearre. [[Philippus H. Breuker]] (1939) wie heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde en wurke by de Fryske Akademy yn Ljouwert. Hy hat talrike bydroegen skreaun oer de literatuerskiednis en ferskillende oare publikaasjes dy't fan belang binne foar de frisistyk.
 
Line 21 ⟶ 29:
*[http://www.leeuwardercourant.nl/nieuws/cultuur/article4748369.ece/Vak_frisistiek_moet_breder Frisistyk moat breder]
*[http://www.trouw.nl/achtergrond/Naschrift/article2856867.ece/Tony_Feitsma__1928-2009.html Tony Feitsma 1928 - 2009]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
 
[[Kategory:Frysk]]