Frisistyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
De prefester [[Everwinus Wassenbergh]] (1742-1826) fan de [[universiteit fan Frjentsjer]] wie de earste dy't him op akademysk nivo ynsette foar ûndersyk en stúdzje nei it Frysk. HySyn joechwurk wie de wittenskiplikegrûnslach bydragenfoar útmear ûndersyk en lei dêrmei in fûnemint dêr't taalbewegersstúdzje yn de 19e ieu mei fierder koenen.<ref>[http://www.dbnl.org/tekst/pieb002koar01_01/pieb002koar01_01_0007.php Haadstik 6: De Wassenbergh-skoalle] út 'Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse'</ref> Foar de oprjochting fan de Fryske Akademy wienen yn de 19e ieu en iere 20e ieu it [[Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse]] en it [[Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde|Frysk Genoatskip foar Skiednis, Kultuer en Taalkunde]] de twa belangrykste organisaasjes dy't op wittenskiplik nivo dwaande wienen mei it Frysk. De Fryske Akademy waard nei jierren fan oerlis oprjochte yn 1938.
 
It Frysk as universitêre oplieding hie yn 1896 as in privaat dosintskip tagong krigen oan 'e Ryksuniversiteit Utert en yn 1917 oan 'e [[Ryksuniversiteit Grins]]. Yn 1930 kaam der in lektoraat Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dat yn 1941 omset waard yn in folweardige learstoel. Al earder wienen oan 'e Universiteit fan Amsterdam (1934) en oan 'e Ryksuniversiteit Utert (1935) bysûndere learstuollen ta stân kommen.