Stasjon Harns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q800889
L red
Rigel 2:
[[Ofbyld:Station Harlingen 05.JPG|thumb|right|250px|Stasjon Harns]]
[[Ofbyld:Station Harlingen 12.JPG|thumb|right|250px|Stasjon efterside, perron]]
'''Stasjon Harns''' waard yn gebrûk nommen op [[27 oktober]] [[1863]] tagelyk mei de iepening fan it spoar [[Harns (stêd)|Harns]] – [[stasjon Ljouwert|Ljouwert]]. Dat wie it twadde troch de [[Maatskippij ta Eksploitaasje fan Steatsspoarwegen]] (SS) yn gebrûk nommen spoar. Yn [[1866]] waard de line ferlinge nei [[Stasjon Grins|Grins]]. It wie in diel fan de troch de Steat derfan de Nederlannen oanleine Line B, fan [[Harns (stêd)|Harns]] nei [[Nijeskâns]] (klear yn [[1868]]).
 
It [[spoarstasjon|stasjon]] fan Harns is ien fan de [[Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen]], boud yn de jierren sechtich fan de [[19e ieu]].
 
Fan de fjouwer noch besteande stasjons fan it type SS tredde klasse steane trije oan it spoar Harns – Nijeskâns, it giet om de stasjons Harns ([[1863]]), [[stasjon Ljouwert|Ljouwert]] ([[1863]]) en [[stasjon WinschotenWynskoat|WinschotenWynskoat]] ([[1865]]).
 
Yn tsjinstelling mei it stasjon fan Ljouwert, dat letter yngreven ferboud waard, is it stasjon fan Harns noch foar it grutste part yn âlde steat. De boppeferdjipping is in wente, wylst de rest fan it gebou leech stiet.
 
Yn [[1904]] kaam der fan Harns út noch in twadde spoar yn noardlike rjochting ta stân. Dat waard it spoar fan de [[Noord-Friesche Locaalspoorweg-Maatschappij]] ([[NFLS]]), yn [[Stiens]] ferbûn mei it [[Dokkumer lokaaltsje]], dat oer Stiens de ferbining Ljouwert [[Dokkum]] fersoarge. De ferbining mei Harns waard yn [[1938]] opheft en opbrutsen.
 
Stasjon Harns wurdt tsjintwurdich (2008) betsjinne troch de [[stoptrein|stoptreinen]] fan [[Arriva]] (foarhinne [[NoordNed]]).
600 meter bewesten Stasjon Harns is it werklike begjin-/einpunt fan it spoar: [[Stasjon Harns Haven]]. Dy halte bestiet út ien perron mei ien spoar wêrdêr't de treinen oanslute op de fearboaten nei [[Skylge]] en [[Flylân (eilân)|Flylân]].
 
== Ferbinings ==