Karel Roarda (politikus): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q4885778
L st
Rigel 1:
{{stavering}}
'''Karel Roarda''' ([[Fenlo]], 1530/1531 - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[10 novimber]] [[1601]]) wie in [[politikus]] dy't yn Fryslân in protte ynfloed hie.
 
Roarda wie nei 1550 fuortsetter fan de Fryske nasjonale tradysje fan [[Janko Douwama]] en [[Syds Scheltes Tjaerda|Syds Tsjaarda]]. Hy wie in meistanner fan [[Doeke fan Martena (1530)|Doeke fan Martena]]. Roarda wake foar Fryske privileezjes lykas [[Willem Loadewyk fan Nassau|Willem Loadewyk]] dat foar it Unybelang die. Sa hat er jierren fertsjintwurdiger fan Fryslân yn de Generalitiet west.
 
Roarda wie strang [[Kalvinisme|kalvinistysk]] en dêrom tsjin de [[Religyfrede]] foar de [[Uny fan Utert]]. Hy fersette him tsjin de fredesûnderhandelingen mei Spanje yn Keulen yn 1579, en mei [[Johan fan Oldenbarnevelt]] wie er tsjin de komst fan de [[Robert Dudley|Greve fan Leicester]] as opfolger fan [[Willem fan Oranje]].
 
Fan 1584 oant 1587 wie Roarda ien fan de machtichste minsken yn Fryslân. Doe't er yn 1592 yn konflikt kaam mei Willem Loadewyk, ûnder oaren oer de besetting fan Hasselt, ferlear er it meastepart fan syn ynfloed. Yn 1591 skreaun er it boek ''Rudimenta religionis Christtianae, Hebraice, Graece et Latine'', mar dat is, mooglik troch de ûntwikkelings fan in jier letter, net mearbewarre bekendbleaun.
 
De kristlike Fryske Krite [[Karel Roarda (Fryske Krite)|Karel Roarda]] is nei him ferneamd.