Ferskil tusken ferzjes fan "Anna (hillige)"

L
red
L (Bot: Migrating 51 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q164294)
L (red)
De '''[[Hillich|Hillige]] (Mem) Anna''' of '''Sint Anna''' is neffens de [[kristendom|kristlike tradysje]] de mem fan de [[Marije (mem fan Jezus)|Hillige Faam Marije]]. Se wurdt fereare yn de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], [[Eastersk-Ortodokse Tsjerke|Eastersk kristendom]], [[Anglikaanske Tsjerke]] en de [[Luteranisme|Luterske Tsjerke]]. Har feest wurdt fierd op, [[26 july]]. [[Sint Anne]] is nei har neamd.
 
Yn de twadde ieu fan ús jiertelling wurdt de ''Berte fan Marije'' skreaun, in Grykske tekst, dy't de grûnslach foarmet fan de oerlevering. De tekst waard letter bekend as it ''[[Proto-evangeelje fan Jakobus]]''.
 
Anna en har man [[Joachim (kristendom)|Joachim]] wienen (neffens de oerlevering) troud, begoedige, mar hiene gjin bern. Se libben folslein neffens de Wet fan God. Dochs wurdt it offer fan Joachim yn de timpel wegere, omdat hy gjin bern hat. Joachim flechtet mei syn kudde de woastyn yn. Anna mient dat hy dea is en docht har beklach by God en freget om in bern. Har gebed wurdt ferheard. Tagelyk krijt Joachim fan in ingel te hearren, dat syn frou swier is. Hy giet werom mei syn kudde en moetet syn frou by de Gouden Poarte yn Jeruzalem en jout har in tút. Anna krijt in famke: Marije. De âlden wije it bern oan God en bringe Marije, as se trije jier âld is, nei in timpel. Dêr wurdt se grutbrocht troch ingelen.