Shakespeariaanske poëzij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L red
Rigel 1:
De '''''Shakespeariaanske poëzij''''' is it [[poëzij|dichtwurk]] fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]], dat datearret fan 'e ein fan 'e [[sechstjinde ieu|sechstjinde]] en it begjin fan 'e [[santjinde ieu]]. Yn it foarste plak hearre dêrta syn ''[[Sonnetten (Shakespeare)|Sonnetten]]'', mar dêrnjonken binne der ek noch wat losse gedichten. Twa fan 'e sonnetten en trije gedichten dy't oan 'e [[komeedzje]] ''[[Leafde's Lêst Net Leanne]]'' ûntliend wiene, waarden yn [[1599]] sûnder Shakespeare syn tastimming publisearre yn 'e samling ''[[De Hertstochtlike Pylger]]'' (''[[The Passionate Pilgrim]]''). Fan 'e rest fan 'e gedichten yn dy bondel kin fan in diel mei wissichheid sein wurde dat se it wurk fan oare skriuwers binne, mar fan guon is de auteur ûnbekend; dy soene mooglik fan Shakespeare wêze kinne. Ek wurde der noch guon oare, losse gedichten oan 'e man taskreaun; krekt as in grut part fan ''De Hertstochtlike Pylger'' hearre dy ta de [[Shakespeariaanske apokrifa]].
 
===Opsomming fan 'e Shakespeariaanske poëzij===