Lisinius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 43 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q184549
tf
Rigel 3:
 
== Opgong as keizer ==
Lisinius kaam út in laach fan boeren út [[DaasjaDaasje]]. Hy wie kriichsmaat en freon fan keizer [[Galerius]]; yn [[297]] die er mei oan in ekspedysje tsjin de [[Perzen]]. Nei de dea fan [[Severus II]], dy't troch Galerius nei it westen stjoerd waard om de opstân fan [[Maksentius]] del te slaan, mar dêr sels sneuvele yn de striid, waard Lisinius syn wetlike opfolger op [[11 novimber]] [[308]]. Hy krige de Romeinske provinsjes [[Traasje]], [[Pannoanje]] en [[Illyrikum]] tawiisd om te bestjoeren.
 
Oars as fan him ferwachte waard bemuoide Lisinius him net mei Maksentius. Nei de dea fan Galerius yn [[311]] ferdielden Lisinius en [[Maksiminus II Daia]] syn gebieden ûnderling. Maksiminus hie lykwols wrok tsjin Lisinius, omdat dy, in tsjinstelling ta Lisinius, net offisjeel ta keizer beneamd waard. It kaam tusken beide net ta in kriich. De [[Bosporus]] fungearre as grins.