Digital Playground: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L typfl
Rigel 1:
[[File:Digital Playground Girls 2012.jpg|thumb|right|250px|De ''Digital Playground''-kontraktstjerren [[Riley Steele]], [[Stoya]], [[BiBi Jones]], [[Kayden Kross]] en [[Jesse Jane]] yn [[2012]].]]
'''''Digital Playground''''', soms ôfkoarte ta ''DP'', is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[pornografy]]ske filmstudio dy't fêstige is yn [[Burbank (Kalifornje)|Burbank]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]]. Sûnt syn oprjochting yn [[1993]], troch de pornoregisseur [[Joone (regisseur)|Joone]], hat dy him ûntjûn ta ien fan 'e grutste pornostudio's, en yn [[2006]] waard it troch it [[parseburo]] [[Reuters]] omskreaun as ien fan it hantsjefol studio's dat de Amerikaanske pornoyndustry dominearret.
 
Yn syn begjinjierren hold ''Digital Playground'' (dat "Digitale Boarterstún" betsjut) him fral dwaande mei it produsearjen fan pornografyske [[kompjûterspultsje]]s op [[cd-rom]]. Mar al rillegau wreide it bedriuw him út nei de produksje fan oare foarmen fan pornografy, dêr't [[pornografyske film]]s úteinlik fierwei it wichtichste fan waarden. ''Digital Playground'' hat in stikmannich fan 'e populêrste [[pornoaktrises]] fan it momint ûnder kontrakt stean, lykas [[Jesse Jane]] en [[Kayden Kross]]. Yn it ferline hie ek megastjer [[Tera Patrick]] in kontrakt by de studio. ''Digital Playground'' stiet fierders bekend om syn pioniersrol by de ynfiering fan nije technology yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Sa stapte it label al yn [[2006]] oer op 'e produksje fan [[blu-ray]]-dvd's ynstee fan [[high definition]]-dvd's. En ek klearre de studio it paad foar de ynfiering fan [[iPad]]s en trijediminsjonale technology yn 'e pornowrâld. Yn maart [[2012]] waard ''Digital Playground'' oankocht troch de yn [[Lúksemboarch]] fêstige porno-mulitnational [[Manwin]].