Benito Mussolini: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
L red., oars net
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Mussolini wie ôfkomstich út in revolúsjonêr [[Sosjalisme|sosjalistysk]] miljeu. Hy wie lid fan de Italjaanske [[sosjalisme|sosjalistyske]] partij, mar waard om syn rjochtse ideeën yn [[1914]] út de partypartij setten. Nei [[1918]] rjochtet hy de [[Fassisme|fasistyske]] partij yn Itaalje op. Profitearjend fan de nei-oarlochske situaasje, slagget Mussolini deryn nei de saneamde [[Mars nei Rome]] (28 oktober 1922) him ta premier kieze te litten (31 oktober 1922). It soe noch oant juny [[1924]] duorje ear't hy diktatoriale macht ferkriget troch de swiere krisis dy't folge op de moard op [[Matteotti]].
[[Ofbyld:Mussd.jpg|thumb|left|''Mussolini tidens de Mars nei Rome'']] Hy brûkt dizze macht foar útskeakeling fan syn politike tsjinstanners en in grûnige wiziging fan it Italjaansk grûnwettich systeem. De ynfiering fan in protte sosjale maatregels en grutte ûntginnings (û.o. de PontijskePontyske sompen) joegen him in soad prestiizje by it Italjaanske folk.
 
Mussolini wie allieard mei it [[Nazy-Dútslân|Dútslân]] fan [[Adolf Hitler]], op wa't hyer ynfloed hie. Itaalje die fan juny 1940 ôf mei oan de [[Twadde Wrâldkriich]], wat trije jier letter late ta de ynfaazje fan Itaalje troch de [[Alliearden]]. Omdat Itaalje amperoan sukses hie yn de kriich kaam Mussolini nei in ynterne krisis yn konflikt mei de Italjaanske kening dy't "Il Duce" op [[25 july]] [[1943]] finzen setten lit. Twa moannen letter waard hy troch Dútske parasjutisten befrije.
 
Yn Noard-Itaalje besiket Mussolini mei help fan de Dútsers yn de "Sociale Republiek" fierder te regearen. Yn april 1945 as de Alliearden hieltyd tichteby komme besocht Mussolini nei it troch de Dútsers besette [[Eastenryk]] te flechtsjen, mar hy waard finzen naam en fermoarde troch [[Kommunisme|kommunistyske]] [[partisanen]] yn de omkriten fan Comoit [[Komo (mar)|Komo-mar.
 
== Fierder lêze ==
* {{Aut|De Felice, Renzo}}: ''Mussolini il rivoluzionario: 1883-1920'', uitgútj. Einaudi 1995
* {{Aut|De Felice, Renzo}}: ''Mussolini l'alleato, 1940-1945'', uitgútj. Einaudi
* {{Aut|Mack Smith, Denis}}: ''Mussolini. A biography'', [[New York]] 1982
* {{Aut|Whittam, John}}: ''Fascist Italy'', [[Manchester]] 1995
 
{{DEFAULTSORT:Mussolini, Benito}}