Ferskil tusken ferzjes fan "Sofokles"

130 bytes grutter ,  7 jier lyn
L
+boarnen & wat red
L (red)
L (+boarnen & wat red)
'''Sofokles''' of '''Sofoklês''' ([[Aldgryksk]]: Σοφοκλῆς, Sophoklēs; [[Colonus Hippius|Kolonos]], [[496 f.Kr.]] - [[Atene]], [[406 f.Kr.]]) wie ien fan 'e trije grutte [[Attika|Attyske]] [[toanielskriuwer|trageedzjedichters]], njonken [[Euripides]] en [[Aeschylus]].
 
===Biografy===
Hy waard berne yn 496 f.Kr. yn [[Colonus Hippius|Kolonos]] (in foarstêd fan [[Atene]]), as soan fan in rike [[wapensmid]]. De jonge Sofokles krige in fersoarge opfieding, op sportyf mêd, mar ek op artistyk flak. Yn [[480 f.Kr.|480]] krige er, as jonge fan 16, de lieding fan en trede op as stjerútfierder by in oerwinningsfeest nei de [[Slach by Salamis]], neffens de leginde ûnder it goedkarrend each fan [[Aeschylus]], dy't ien fan de huldigden wie, wylst op datseldichste stuit in eintsje fierder op it eilân Salamis [[Euripides]] berne waard. Sofokles droech blykber syn literêr talint oer op syn neiteam. Syn soan [[Iofon]] wie ek treurspuldichter, krekt as in oerwûne pakesizzer, Sofokles “de Jongere”, foar wa't er iepentlik in swak hie.
 
Sofokles beweegde him yn Atene yn 'e heechste fermiddens. Mei ûnder mear [[Herodotos]] (skriuwer-histoarikus), [[Anaksagoras]] (filosoof), [[Hippodamus fan Milete|Hippodamos]] (arsjitekt) en [[Fidias]] (byldhouwer) makke er diel út fan 'e artistike en yntellektuële hegerein om [[Perikles]] hinne. Hy beklaaide in stikmannich hege politike en militêre funksjes. Sa wied er yn [[443 f.Kr.|443]]/[[442 f.Kr.|442]] ''hellenotamias'' (ien fan 'e tsien behearders fan 'e [[Delyske Bûn|Delysk-Attyske Bûnskas]]). Yn [[441 f.Kr.|441]] krige er mei Perikles it oerbefel yn in militêre [[Samyske oarloch|kampanje tsjin Samos]] (in "beleanning" foar syn ''[[Antigone (Sofokles)|Antigone]]'', bewearden syn rivalen). Fierdersoan ferfolle er yn 'e perioade [[425 f.Kr.|425]]-[[420 f.Kr.|420]] guon religieuze funksjes: as preester fan [[Asklepius|Asklepios]] stelde er û.o. syn wente ta beskikking fan 'e earetsjinst, yn ôfwachting fan 'e foltôging fan it nije hillichdoam foar Asklepios. Hy komponearre ek in kultus-liet ta eare fan Asklepios. En yn [[413 f.Kr.|413]], mei de bestjoerlike krisis dy't ûntstien wie nei de Ateenske [[Sisyljaanske Ekspedysje|nederlaach yn Sisylje]] waard er oansteld as ''próboulos'' mei bysûndere regearingsfolmachten.
 
===Wurken===
It meastepart fan syn oeuvre kaam ta stân yn 'e sombere oarlochsjierren fan 'e [[Peloponnezyske Kriich]], wêrfan't de aktualiteit him wolris ynspirearre. Sa ûntstie bygelyks syn ferneamde ''[[Oidipous Tyrannos]]'' nei de pestepidemy dy’t de Ateenske befolking desimearre. Yn 407-406 skreau er syn alderlêste wurk, ''[[Oidipous epi Kolōnō]]'' (it stik waard pas postúm útfierd yn [[401 f.Kr.|401]]). Doe't syn rivaal Euripides yn [[406 v.Chr.|406]] stoar, seach men Sofokles yn 'e rou. Sels ferstoar er noch datselde jiers op 'e hege âlderdom fan 90 jier. Neffens syn biografen ferslokte er him op fatale wize, doe’t er by in banket op fersyk deklamearre út syn leaflingsstik, de ''Antigone''.
 
'''''===Yn folsleinens oerlevere wurken'''''<br>===
* de ''[[Tebaanske Trilogy]]''
** ''[[Oidipous Tyrannos]]'' (429-425 f.Kr.)
** [[Ofbyld:Frisian flag.svg|20px]] Fryske oersetting: ''[[De Froulju fan Trakhis]]'' (fert. Klaas Bruinsma, 1991)
 
'''''===Fragmintarysk oerlevere wurken'''''<br>===
{{Kolommen3
|Kolom1=
}}
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Sophocles ''References'', op dizze side].
{{Commonscat|Sophocles}}
}}
 
[[Kategory:Aldgryksk skriuwer]]