Joachim van Plettenberg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat
Rigel 4:
Van Plettenberg kaam út in aristokratyske famylje fan Oranjeoanhingers. Syn heit Henrik Casimir van Plettenberg wie kolonel fan it ek Oranjegesinde garnisoen fan Ljouwert. Nei syn skoaloplieding gie er oan de rjochtestúdzje oan de [[Universiteit fan Utert]] en letter waard er yn de [[Steaten-Generaal]] keazen.
 
Yn 1765 ferfarre er yn tsjinst fan de [[Feriene EastynjeskeEastyndyske Kompanjy]] nei [[Batavia]] om as junior rjochtsofsier, of adjunk-fiskaal, ûnderfining yn de rjochtspraak op te dwaan, dat hat er twa jier dien. Yn 1767 troud er mei Cornelia Charlotte Feith, de widdo fan Louis Taillefer; 28 jier âld, waard er yn itselde jier oansteld as de earste ûnôhinklike fiskaal yn [[Kaapstêd]].<ref name="PB">[http://www.plettenbergbay.co.za/ Plettenberg Bay], ''[http://www.plettenbergbay.co.za/history/index.htm Plettenberg Bay History]'', sjoen 28 febrewaris 2007</ref> De Kaapkoloanje wie doetiids eigendom fan de VOC en gjin Nederlânske koloanje.
 
Yn 1774 waard er waarnimmend gûverneur oant it ferstjerren fan gûverneur Tulbagh. Op [[18 maaie]] [[1774]] waard er gûverneur foar fêst. Yn syn amtstermyn hat er in reis fan trije moanne makke en alle 47 bûtenposten yn de [[Kaapkoloanje]] bydel west. Tydens dy reis komt hy op [[5 novimber]] [[1778]] by [[Plettenbergbaai]] oan en op [[6 novimber]] rjochtet er it histoaryske beaken fan de [[VOC]] op, wat as it Van Plettenbergbeaken bekend wurden is.<ref name="PB"/> De heldedied fan [[Wolraad Woltemade]] barde ek yn syn amtstermyn. Syn optreden yn dy saak wie lykwols gjin súkses.
Rigel 19:
 
{{DEFAULTSORT:Van Plettenberg, Joachim}}
[[Kategory:Feriene EastynjeskeEastyndyske Kompanjy]]
[[Kategory:Kommandeurs en gûverneurs fan de Kaapkoloanje (VOC)]]
[[Kategory:Súdafrikaansk persoan]]