Martinus Baljee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L boarne
L red
Rigel 1:
'''Jacobus Martinus Baljee''' ( [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[9 septimber]] [[1752]] - [[Tandjoeng West]], [[18 febrewaris]] [[1823]] ) wie in Ljouwerter weesjonge dy't ryk waard yn Nederlânsk Ynje.
 
Nei de dea fan syn âlden yn 1762, waard hy opnomd yn it nije steds-weeshûs yn Ljouwert. Dêr en letter yn Amsterdam beoefene hy de genêskunde en kaam op [[19 maart]] [[1774]] ôf as twadde sjirurgyn yn tsjinst fan de [[Feriene EastynjeskeEastyndyske Kompanjy]] yn Batavia. Nei meardere hege rangen beklaaid te hawwwen, nom hy yn 1786 ûntslach út tsjinst en kocht foar ƒ 216.000 in grut lângoed. Dêrnei hie Baljee ferskillende boargerlike betrekking. sûnder oare boargemaster fan Batavia yn tsjinst fan it lân en waard yn 1802 beneamd ta ekstra ordinair Ried fan Ynje. Yn 1808 nom hy ûntslach en bleau oant syn dea amtleas boarger. Meidat syn houlik mei Maria Magdalena de Kienne, dy't yn 1815 ferstoar, sûder bern bleaun wie, fermakke hy, út tankberheid foar de krigen oplieding, in bedrach fan ƒ 190.000 oan it weeshûs fan syn jeugd yn Ljouwert.
Hy wie befreone mei [[Jacobus van der Steege]].