Hongkong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Robot: Verplaatsing van 1 interwikilinks. Deze staan nu op Wikidata onder d:q8646
L red
Rigel 38:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:1945 liberation of Hong Kong at Cenotaph.jpg|thumb|left|Befrijing nei de Japanske besetting fan Hongkong yn 1945. De flaggen fan Grut-Brittanje en Sina wurde hise.]]
De ierste fynsten yn it gebiet binne likernôch 5.000 jier âld. Der binne saken út it Neolitikum fûn, dêrtroch kin sein wurde dat Noard-Sineeske Stientiid-kultuer, de Longshan, syn ynfloed yn it gebiet hân hat. Yn it tiidrek fan de Song-dynasty (970-1279) setten de Han-Sinezen út Noard-Sina har yn it gebiet nei wenjen. Hongkong hat yn it [[Sineeske Ryk]] in hiel skoft in plak sûnder betsjutting west. Yn 1699 sette de Britske EastynjeskeEastyndyske Kompanjy (British East India Company) foet oan wâl yn Sina. Yn it jier 1711 kaam der in hannelspost yn [[Guangzhou]]. Doe't de Britten Opium nei Sina brochten folge de earste [[Opiumkriich]], dy't einige mei de besetting fan Hongkong troch de Britten. Yn 1842 waard tusken it Sineeske keizerryk en de Britske EastynjeskeEastyndyske Kompanjy it Ferdrach fan Nanking tekene, wêrtroch Hongkong in jier letter in Britske kroankolony wurde soe. Yn 1860 krige de kroankolony mear grûngebiet. De New Territories kamen yn 1898 mei in oerienkomst tusken beide lannen by de kroankolony. Sa koe de kolony himsels fan iten en drinken foarsjen en koe út militêr eachpunt better ferdigene wurde. It pachtkontrakt wie tekene foar 99 jier. Nei de Opiumkrigen waard Hongkong in frij hannelsplak en ûntjoech him gau ta in wichtige hannelsstêd yn Súdeast-Aazje. In protte minsken dy't om hokfoar reden ek ferfolge waarden flechten nei Hongkong. Yn 1851 hie de stêd 33.000 ynwenners, yn 1931 wennen der al 879.000 minsken, wêrfan 95 persint Sineesk. Fan 25 desimber 1941 oant en mei 15 augustus 1945 wie Hongkong beset troch de Japanners. Britske, Kanadeeske en Yndyske troepen fochten mei de Frijwillige Troepen Hongkong tsjin de ynvaazje fan Japan dy't plakfûn op 8 desimber 1941, 8 oeren nei de oanfal op Pearl Harbor. De Japanners hienen earste deis al de oermacht yn 'e loft en op it lân. Doe't Hongkon yn 1945 befrijd waard troch Britten en Kanadezen yn de Twadde Slach om Hongkong, wennen der noch mar 600.000, yn tsjinstelling ta 1,6 miljoen foar de kriich.
[[Ofbyld:Hongkong Central 1955.jpg|thumb|It finansjele distrikt fan Hongkong yn 1955.]]
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] folge yn Sina de [[Sineeske boargerkriich]]. De flechtlingen út Sina teagen nei Hongkong. Op 1 oktober 1949 waard de [[kommunisme|kommunistyske]] [[Folksrepublyk Sina]] útroppen. Dêrop folge in flechtlingeweach fan hûnderttûzenen minsken nei Hongkong. In protte útlânske bedriuwen út Shanghai gongen nei Hongkong. Oan it begjin fan de fyftiger jierren kaam de nije Folksrepublyk troch in hannelsembargo yn in krisis. Doe't it yn Sina wer better gong kaam de ekonomy yn Hongkong goed fan 'e grûn en de stêd ûntjoech him as in wichtich hannels- en yndustryplak. Yn de sechtiger jierren is der reboelje yn de stêd, omdat de kommunisten it net lykfine kinne mei it Britske bewâld. De reboelje wurdt mei geweld delslein. Nei de dea fan [[Mao Tse-toeng]] iepene syn opfolger Deng Xiaoping de Sineeske ekonomy foar it bûtenlân. Yn de tachtiger jierren gong in soad yndustry nei Sina. Tenei wie de hannels- en tsjinstesektor de basis fan de stêdsekonomy. Neffens in ferdrach tusken it Feriene Keninkryk en Sina fan 19 desimber 1984 soe Hongkong weromjûn wurde oan Sina. It Feriene Keninkryk ûnder Margaret Thatcher woe Hongkong noch wol langer behâlde, mar de Folksrepublyk Sina woe it kontrakt mei de Britten net ferlingje. Yn july 1989 waard kundich makke dat ynwenners fan Hongkong, ek mei Britske pas, har net nei it Feriene Keninkryk mochten. Dochs emigrearren in protte minsken nei it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten, Kanada of oare net-kommunistyske lannen. Op 1 july 1997 rûn it kontrakt ôf en Hongkong kaam wer by Sina. Hongkong waard in Spesjale Bestjoerlike Regio, dêr't fyftich jier letter pas deselde regels jilde sille as yn de rest fan Sina. Troch dy stadige oergongsfase hopet it Sineeske regear dat Hongkong ekonomysk like sterk bliuwt. Yn [[2005]] wie nei seis jier bouwen Hong Kong Disneyland klear. Yn itselde jier fûn der in konferinsje fan de [[wrâldhannelsorganisaasje]] plak mei grutte protesten. Foar de earste kear yn de skiednis fan Hongkong marsearre it Sineeske Befrijingsleger op 1 july 2006 troch de stêd.