Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 48 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q170072
L red
Rigel 16:
 
=== De Gouden Ieu ===
Yn de [[17e ieu]] belibbe de Republyk in bloei sûnder wjergea op polityk en ekonomysk mêd. In skoft lang wie it de grutste maritime steat fan de wrâld, mei admiraals as [[Maarten Tromp]] en [[Michiel Adriaenssoan de Ruyter|Michiel de Ruyter]]. Earst yn de rin fan de [[18e ieu]] ferlear it stadichoan dy posysje oan [[Feriene Keninkryk|Ingelân]], dêr't Nederlân fjouwer seeoarloggen mei fierde (sjoch: de [[Ingelsk-Nederlânske Oarloggen]]). De Hollânske en Sieuske stêden, al yn de Boergondyske tiid sintra fan hannel en skipfeart, kamen ta grutte bloei, fral ek troch de ûntwikkeling fan it koloniale ryk ([[Feriene EastynjeskeEastyndyske Kompanjy]] en [[Feriene WestynjeskeWestyndyske Kompanjy]]).
 
Nederlân liet yn dat tiidrek ek in bloeiend geastlik libben sjen, mooglik makke troch de relative ferdraachsumens dy't hjir hearske, nettsjinsteande de befoarrjochte posysje fan de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke|Grifformearde Tsjerke]], wêryn sûnt de [[Synoade fan Dordrecht]] de ortodoksy triomfearre. Ek de keunsten (benammen de skilderkeunst) en wittenskip bloeiden.