Elektra (toanielstik fan Sofoklês): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
L [[]] oars
Rigel 1:
[[File:Electra and Orestes - Project Gutenberg eText 14994.png|thumb|right|350px|''Elektra en Orestes'', troch [[Afred Church]].]]
'''''Elektra''''', yn it oarspronklike [[Aldgryksk]] '''Ἠλέκτρα''', '''''Ēlektra''''', is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e grutte [[Grikelân|Grykske]] [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[Sofoklês]] (496-406 f.Kr.). It is in [[trageedzje]] dy't net betize wurde moat mei in toanielstik mei deselde namme (''[[Elektra (Euripides)|Elektra]]'') fan in oare Grykske toanielskriuwer, [[Euripides]]. Yn syn ''Elektra'' grypt Sofoklês werom op 'e âlde fertellings fan [[Homêros]] yn dy syn ''[[Ilias]]'' en ''[[Odyssee]]''. It stik spilet in pear jier nei de ein fan 'e [[Trojaanske Oarloch]] en beskriuwt de wraak dy't [[Elektra (Grykskedochter mytologyfan Agamemnon)|Elektra]] en har broer [[Orestes (Grykske mytology)|Orestês]] nimme op harren mem [[Klytemnêstra]] en styfheit [[Aigisthos]] foar de moard op harren heit [[Agamemnon]]. Sofoklês skreau dit toanielstik wierskynlik yn it jier 413 f.Kr., en doe sil it ek opfierd wêze as ûnderdiel fan 'e toanielwedstryd op it [[Atene|Ateenske]] [[Feest fan Dionysus]], al is dat net alhiel dúdlik. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] ferskynde yn [[1991]].
 
===Ynhâld===