Hamlet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Eftergrûn: lytse oanfolling
Rigel 3:
 
==Eftergrûn==
''Hamlet'' is mei 3929 rigels it langste toanielstik fan Shakespeare. It is ûndúdlik wannear't er it skreaun hat, nammenste mear om't der in eardere ferzje fan bestien liket te hawwen, it saneamde [[Oer-Hamlet|Oer-''Hamlet'']], dy't foar it earst yn [[1589]] neamd waard. Shakespeare syn ferzje kaam pas yn [[1604]] út. Der wurdt wol spekulearre dat Oer-''Hamlet'' in iere foarm fan it Shakespeariaanske ''Hamlet'' wêze kinne soe. Hoe dan ek, ''Hamlet'' wurdt rekkene ta de [[wrekerstrageedzjeswraaktrageedzjes]], mar ien fan de meast opfallende saken yn it stik is krekt dat Hamlet mar min ta wraak en oare foarmen fan aksje komme kin. Yn syn sielestriid freget er him dan ek ôf oft er no better libje (''to be'') as stjerre (''not to be'') kin. Hoewol’t wraak (of it ûnfermogen dêrta) in wichtich tema is, binne der noch oare belangrike motiven, lykas famyljerelaasjes, relaasjes tusken minners en freonen, spoeksels, dwylsin (de sabeare sljochtsinnigens fan Hamlet en de wiere gekte fan Ophelia) en moard en selsmoard.
 
Shakespeare hie in jonkje, Hamnet, dat net âlder as alve jier wurden is. Der wurdt oannommen dat dat foar him de grûn wie om it ferhaal fan Amleth te bewurkjen. Dat ferhaal wie al mear ferteld yn [[Ingelân]], mar giet werom op 'e skiednis fan Denemark troch [[Saxo Grammaticus]], dy't mooglik op 'e [[Britske Eilannen]] brocht wie troch de [[Wytsingen]].