Risimer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 26 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q309845
Rigel 20:
 
==Machtsgreep==
Nei de dea fan keizer [[ValentinianusFalentinianus]] yn 455 wienen der meardere gadingmakkers foar de troan. Keizer [[Petronius Maksimus|Maksimus]] koe mar koart regeare en waard datselde jier noch opfolge troch keizer [[Avitus]]. As generaal wegere Risimer mei Avitus gear te wurkjen en kaam iepentlik tsjin him yn opstân. Tegearre mei [[Majorianus]], in oare generaal út Itaalje, koe er Avitus twinge de haadstêd yn jannewaris [[456]] te ferlitten.
 
Yn [[456]] fersloech Risimer de [[Fandalen|Fandaalske]] float by [[Korsika]]. Dat foarfal die syn stjer hurd rizen. Hy koe keizer Avitus ferneatigje by Piacenza doe't dy syn macht yn Itaalje werom winne woe en stipe Marjorianus yn dy syn stribjen de nije keizer fan Rome te wurden. Fanwegen syn komôf kaam hy hjir sels net foar yn oanmerking; in Germaan yn it poarper soe nea troch de Romeinen akseptearre wurde. Mar hy behâlde wol syn ynfloed en bleau as in soart ko-regint oan de macht.