Ferskil tusken ferzjes fan "Elegant Angel"

L
[[]] oars
(Nije side)
 
L ([[]] oars)
'''''Elegant Angel''''', eins folút: '''''Elegant Angel Productions''''', is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[pornografy]]ske filmstudio dy't fêstige is yn [[Canoga Park]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]]. It label waard yn [[1990]] oprjochte troch [[Patrick Collins]] yn gearwurking mei [[John Stagliano]], de baas fan ''[[Evil Angel (filmstudio)|Evil Angel]]'', as in dochterûndernimming fan dy lêste studio. Krekt as ''Evil Angel'' lei ek ''Elegant Angel'' him ta op 'e ''[[gonzopornografy|gonzo]]''-pornografy, it út 'e losse hân filme reality-subsjenre fan 'e porno. Yn [[1996]] makke Collins ''Elegant Angel'' ta in selsstannich bedriuw, en yn [[1998]] snie er alle bannen mei ''Evil Angel'' troch. De breuk tusken him en Stagliano is omskreaun as ''"net bepaald freonlik"'' (neffens Collins koe Stagliano ''"gjin saak runne"'' en ''"soe it op 'e non rinne sûnder [himsels]"'', wylst Stagliano sei: ''"Patrick is in klier"'', ''"hy die syn wurk net goed"'' en ''"ik hie him jierren lyn al oan 'e dyk sette moatten"'').
 
Yn [[2003]] besocht ''Elegant Angel'' oer te stappen fan ''gonzo'' nei it pornosjenre fan 'e ''feature film'' (de eigentlike film), mar tsjin [[2004]] wie wol dúdlik dat de feroaring ûnsúksesfol wie en hannen fol jild koste hie. Om't der ek oare problemen spilen (sa wiene der technyske swierrichheden mei de fabrikaazje fan dvd's, hie de studio net ien inkeld werkenber logo op syn dvd-hoezen, en likemin in webside of p.r.-ôfdieling) rekke de studio yn swierwaar. Der giene geroften dat ''Elegant Angel'' finansjeel oan 'e râne fan 'e ôfgrûn stie en yn 'e ferkeap dien wurde soe. Sa fier kaam it lykwols net. Collins liet de produksje twa moanne lang stillizze en konsintrearre de studio op 'e nij op ''gonzo'' en oare spesifike foarmen fan [[pornografy]], wylst it ambisjeuze filmprojekt beëinige waard. De logo's fan it bedriuw waarden ferienfâldige en standerdisearre, de swierrichheden mei de dvd-fabrikaazje oplost en in p.r.-manager oansteld. Dêrnei gie ''Elegant Angel'' wer fierder mei it meitsjen fan likernôch acht nije [[pornografyske film]]s de moanne. Yn augustus [[2004]] wie ''Elegant Angel'' ien fan 'e pornolabels dy't harren it fûleindichst fersetten tsjin it útstel fan 'e [[Demokratyske Partij|Demokratyske]] Kalifornyske steatssenator [[Paul Koretz]] om it gebrûk fan [[kondoom]]s yn 'e pornoyndustry te ferplichtsjen.