Zero Tolerance (filmstudio): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L [[]] oars
Rigel 1:
'''''Zero Tolerance''''', folút eins '''''Zero Tolerance Entertainment''''', is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[pornografy]]ske filmstudio dy't fêstige is yn [[Los Angeles]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]]. Hy waard yn [[2002]] oprjochte troch [[Greg Alves]]. De namme waard keazen om't it bedriuw tasei in ''"nul-tolerânsje hawwe te sillen foar minne porno"''.<ref>''Zero Tolerance Entertainment'', http://business.avn.com/companies/Zero-Tolerance-Entertainment-61549.html.</ref> De [[pornografyske film|films]] dy't ''Zero Tolerance'' produsearret kinne yn 'e regel ta de ''[[gonzopornografy|gonzo]]''-pornografy rekkene wurde, it út 'e losse hân filme reality-subsjenre fan 'e porno, dat folle goedkeaper te meitsjen is as it subsjenre fan ''feature films'', de eigentlike films. Yn [[2005]] waard de susterstudio ''[[Black Ice (filmstudio)|Black Ice]]'' oprjochte, dy't him spesjalisearret yn ''[[negroïde ras|ebony]]''- en [[ynterrasiale pornografy]], wylst in oare susterstudio, ''[[Third Degree Films]]'', al sûnt 2002 bestiet. Yn [[2006]] wie ''Zero Tolerance'' de earste grutte Amerikaanske filmstudio dy't yn it gat yn 'e merk sprong dat foarme wurdt troch de almar grutter wurdende [[Spaansk]]talige minderheid yn 'e Feriene Steaten, troch útein te setten mei de produksje fan Spaansktalige pornofilms.
 
==Keppelings om utens==