Pornografy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +plaatsje
L blykber wiske ôfbyld fuorthelle + [[]] oars
Rigel 1:
[[Ofbyld:Prostitute in Naples, Italy (1920).jpg|thumb|300px|Prostituee yn Napels (1920)]]
'''Pornografy''' (gauris ferkoarte ta '''porno''') is it eksplisite portrettearjen fan [[seksuële mienskip|seksuële]] ûnderwerpen troch it gebrûk fan in breed skala oan media, lykas tekst, tekenings, [[animaasje]], [[byldhoukeunst]], [[fotografy]], lûdsopnamen, [[film]], [[fideo]] en [[fideospultsje|fideospultsjes]]. De term tsjut inkeld op it fêstlizzen fan seksuële dieden, en net op dy seksuële dieden sels. Pornografy moat net betize wurde mei [[erotika]], wêrmei't it portrettearjen fan seksualiteit as neistribjen fan [[keunst]] bedoeld wurdt en dat dêrnjonken ek omtinken skinkt oan gefoelens en emoasjes, wylst it by pornografy poer om 'e fysike dieden draait, mei faak in heech sensaasjegehalte.<ref>Gehrke, William J., ''Erotica is Not Pornography'' (tech.mit.edu).</ref> Sljochtwei [[neakenfotografy]] kin allikemin beskôge wurde as pornografy, mei't it miskien wol in seksueel doel tsjinnet, mar der gjin seksuële die as sadanich by fêstlein wurdt.
 
Line 47 ⟶ 46:
** pornografyske films (mei in, sij it gauris flintertinne, ferhaalline)
** losse samlings pornografyske sênes (sûnder ferhaalline)
** [[gonzopornografy|realitypornografy]] (''reality'', ''gonzo''; wêryn't ornaris in manlike akteur folge wurdt yn syn sabeare deistich libben, dat fansels yn sêne set is)
* op grûn fan [[seksueel fetisjisme]]:
** [[bondaazje]]