Hot d'Or: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Rigel 1:
De '''''Hot d'Ors''''' (letterlik betsjutting: "Goudene Hot") wiene in groep [[Jeropa|Jeropeeske]] prizen fan [[Frankryk|Frânske]] oarsprong dy't fan [[1992]] oant [[2001]] takend waarden foar de bêste [[pornografyske film]]s. De útrikking, dy't organisearre waard troch it Frânske tydskrift ''[[Hot Vidéo]]'' ûnder in fjirtjin dagen duorjend [[pornografy]]sk filmfestival, fûn ienris yn it jier (yn maaie) plak yn it Súdfrânske baaiplak [[Cannes]], persiis op deselde tiid dat dêr ek it (''mainstream'') [[Filmfestival fan Cannes]] holden waard; de ''Hot d'Or'' wie kwa namme en foarm ek modelearre om op 'e priis fan it Filmfestival fan Cannes, de ''[[Palme d'Or]]'' (of "Goudene Palm") te lykjen. It wiene doedestiden de wichtichste Jeropeeske pornografyske filmprizen, ferlykber mei de ''[[AVN Award]]s'' yn 'e [[Feriene Steaten]].
 
Troch mei te liftsjen op 'e pakjedrager fan it Filmfestival fan Cannes, wat trouwens troch de organisaasje dêrfan, noch troch de pleatslike autoriteiten bysûnder wurdearre waard, loek de útrikking fan 'e ''Hot d'Ors'' altyd in protte mediabelangstelling. Dy waard gauris noch mei sin fuortsterke troch [[pornoaktrise]]s neaken posearje te litten op in iepenbier strân. De útrikking fan 'e ''Hot d'Ors'' stie bekend om 'e útwrydske feesten dy't dermei mank giene, lykas dy dy't it [[Sweden|Sweedske]] ''[[Private (filmstudio)|Private]]''-label foar de moade hie te hâlden oan board fan in lúks jacht yn 'e jachthaven fan Cannes. De útrikking fan 'e ''Hot d'Ors'' brocht ek in protte lju út 'e pornoyndustry gear, lykas [[pornoaktrise|akteurs en aktrises]], regisseurs, produsinten en sa mear. Ek fungearre it as moetingspunt foar de Jeropeeske en de Amerikaanske pornoyndustry; yn [[1998]] sei Steve Vlottes, fan it Amerikaanske label ''[[Wicked Pictures]]'', dat de útrikking fan 'e ''Hot d'Ors'' ''"de wichtichste show [is] dy't wy bywenje."'' Sadwaande waarden der ek in protte saken dien njonken alle festiviteiten. De heechste priis dy't ferjûn waard, wie de ''Hot d'Or d'Honneur'' ("Eare-Hot d'Or"), dy't û.o. wûn is troch de Frânske pornoaktrise [[Julia Channel]], de Frânske regisseur [[Marc Dorsel]] en de Amerikaanske regisseur/produsint/akteur [[John Stagliano]], better bekend as ''Buttman''.
 
Yn [[1997]] waard de útrikking net holden yn Cannes, mar yn it Lido te [[Parys]]. Nei [[2001]] stoppe ''Hot Vidéo'' mei it evenemint. Op [[20 oktober]] [[2009]] waarden de ''Hot d'Ors'' noch ien kear útrikt, by in seremoanje yn Parys, om it tweintichjierrich bestean fan ''Hot Vidéo'' te fieren.