Helen Duval: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L [[]] oars
Rigel 13:
 
===Libben===
Helen Duval sette útein mei har karriêre yn 'e pornoyndustry as kollumskriuwster foar it Nederlânske pornobledsje ''[[Tuk]]''. Oan har kollums, dy't se skreau ûnder de namme "Helena", foege se eroatyske foto's fan harsels ta, dy't geandewei eksplisiter waarden. Se makke har debút yn in [[pornografyske film]] yn [[1993]], nei't se yn 'e kunde kommen wie mei de [[Dútslân|Dútske]] pornoprodusint [[Hans Moser]] (better bekend ûnder syn artystenamme Sascha Alexander). Dêrby naam se de namme "Helen Duval" oan, om't dat ynternasjonaler klonk. Har trochbraak as pornostjer kaam yn [[1994]] mei har optreden yn ''Private Video Magazine #7''. Sûnt spile se yn 55 films, foar labels as ''[[Private (filmstudio)|Private]]'', ''[[Sascha Alexander Productions]]'', ''[[Sarah Young Communications]]'', ''[[VCA]]'' en ''[[Blue Coyote Pictures]]''. Har lêste rol wie yn 'e film ''Ice & Fire'', út [[2003]]. Njonken har aktearwurk wie se ek aktyf as produsinte en regisseur fan guon pornofilms.
 
===Keppelings om Utens===