Laura Lion: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L [[]] oars
Rigel 13:
 
===Libben===
Lion is hikke en tein yn [[Litoměřice]], in stêd yn it noardwesten fan Tsjechje, tichteby de [[Dútslân|Dútske]] grins. Hja makke har debút yn in [[pornografyske film]] yn [[2002]], en stie fral bekend om har boarsten, mei kup 36DD. Fan natuere hie se al in D-kup, mar letter ûndergie se in "ferstevigingsoperaasje", dy't har [[boarstfergrutting|boarsten foller makke]]. Yn 't earstoan wurke Lion benammentlik yn [[Jeropa]], en spile dêrby û.m. yn fjouwer edysjes fan ''Natural Wonders of the World'', in langrinnende rige yn it [[grutteboarstesjenre]]; fjouwer films fan it [[Sweden|Sweedske]] ''[[Private (filmstudio)|Private]]''-label; en in pear fideo's fan 'e [[Itaalje|Italjaanske]] pornoakteur en -regisseur [[Rocco Siffredi]]. Letter wurke se ek yn 'e [[Feriene Steaten]], dêr't se yn [[2007]] al yn likernôch 90 films spile hie. Yn totaal makke Lion 169 pornofilms, en dêrnjonken spile se yn fideo's op in ferskaat oan pornowebsiden, lykas ''[[Boob Butler]]'' en ''[[BangBros]]''. Yn [[2011]] loek se har werom út 'e pornoyndustry.
 
===Keppelings om utens===