Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L →‎Skiednis: oanfollinkje
Rigel 12:
 
==Skiednis==
De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië beweart werom te gean op ien fan 'e earste kristlike gemeenten, dy't yn it jier [[35]] of dêromtrint stifte waard troch de [[apostel]] [[Petrus (apostel)|Petrus]], sa't beskreaun stiet yn it [[Nije Testamint|nijtestamintyske]] [[bibel]]boek ''[[Hannelingen fan de Apostels]]'' (11:26). It is ien fan 'e fiif tsjerken dy't datselde úthâlde (de oaren binne de [[Syrysk-Otterdokse Tsjerke]], de [[Melkityske Gryksk-Katolike Tsjerke]], de [[Syrysk-Katolike Tsjerke]] en de [[Maronityske Tsjerke]]. De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië ûnstie as in selsstannige tsjerke troch it [[Grutte Skisma]] fan [[1054]], wêrby't de [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse tsjerken]] harren losmakken fan 'e [[westersk kristendom|Westerske Tsjerke]]. De [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] hat ek mear as 1500 jier in titulêre patriarch fan Antiochië fan 'e [[Latynske liturgy]] beneamd, oant de sit nei [[1953]] fakant bleau en yn [[1964]] ôfskaft waard foarútrinnende op 'e fermoedsoening, yn [[1965]], tusken de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Gryksk-otterdokse tsjerken.
[[File:Patriarch John X of Antioch 1.jpg|left|thumb|200px|De hjoeddeiske Gryksk-otterdokse patriarch fan Antiochië, [[Jehannes X fan Antiochië|Jehannes X]].]]