Genesis (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L nij ôfbyld
Rigel 1:
[[File:Schnorr von Carolsfeld Bibel in Bildern 1860 018.png|right|thumb|300px|[[Noäch]] en syn gesin komme nei de [[Sûndfloed]] út 'e arke ([[houtfyk]] nei in skilderij fan [[Julius Schnorr von Carolsfeld]] ([[1794]]-[[1872]]).]]
 
'''''Genesis''''' (in [[Latyn]]ske namme dy't ûntliend is oan it [[Gryksk]]e '''Γένεσις''', ''Genesis'', dat "Oarsprong" betsjut), yn it oarspronklike [[Hebrieusk]]: '''בראשית''', '''''Ḇerēšiṯ''''' ("Yn [it] Oanbegjin"), is it earste boek yn sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' falt it ûnder de ''[[Torah]]'' (de "Leare" of "Wet"); yn it [[Alde Testamint]] fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de ''Wet''. ''Genesis'' beskriuwt de [[skeppingsferhaal|skepping fan 'e wrâld]], de [[Sûndfloed]] en it libben fan 'e [[aartsfaar]]s. Foar sawol joaden as kristenen leit it [[teology]]ske belang fan ''Genesis'' yn it "ferbûn" dat God slút mei syn "útkarde folk" (de neiteam fan 'e aartsfaars, oftewol de [[Joaden]]), en de bân dy't dêrtroch ûntstiet mei it Unthjitten Lân ([[Palestina]]). De kristlike teology ynterpretearret ''Genesis'' fierdersoan as in foarôftekening fan beskate krúsjale kristlike leauwenseleminten, yn it bysûnder de needsaak ta ferlossing en de ferfolling fan 'e ferbûnsôfspraken fan God troch de krusiging fan [[Jezus Kristus]] (wêrmei't de leauwenden fan harren sûndelêst ferlost wêze soene). Neffens de tradysje soe de [[profeet]] [[Mozes]] de [[skriuwer]] fan it boek wêze, mar yn wurklikheid is it skreaun troch in anonime auteur, dy't it optekene itsij krekt foàr, itsij ûnder de [[Babyloanyske Ballingskip]] (tusken likernôch 600 en 540 f.Kr.), wylst de definitive ferzje datearret fan 'e ein fan 'e Ballingskip of fan krekt dernei. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Genesis'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.