Stellingwerven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 5 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q494341
Rigel 92:
 
== Skiednis ==
It is net wis wêr’t de earste bewenners fan de Stellingwerven oarspronklik wei kamen. Der is in ferhaal dat se om 840 hinne fan ien fan de bernsbern fan [[Karel de Grutte]] nei de Stellingwerven teagen as flechtlingen út in gebiet súdlik fan [[Hannover]]. Der binne gjin skriftlike stikken fan foar it jier 1000 oerlevere. By [[OldeholtpadeAldeholtpea]] is in fûstbile fûn fan sa likernôch 70.000 jier f. Kr. Dy fûstbile is mooglik in bewyske fan [[Neandertaler]]s yn it gebiet.<ref>[http://www.stellingwerf-heemkunde.nl/middeleeuwen/lang%20geleden.htm De vroegste Geschiedenis] fan de webside www.stellingwerf-heemkunde.nl</ref> Sa likernôch 10.000 f.Kr. wennen jagers en sammelders fan de saneamde Tsjongerkultuer yn it gebiet, mar yn dy rite wie der gjin fêste bewenning. Oer de iere midsieuwen is ek net folle bekend. Yn dy tiid wienen de Stellingwerven in ûnderdiel fan it Fryske wengebiet, oant de [[Franken]] yn it jier 734 de Friezen fersleinen yn de [[Slach oan de Boarn]]. Nei de ferdieling fan it [[Frankyske Ryk]] neffens it [[Ferdrach fan Ferdun]] yn 843 waarden de Stellingwerven in ûnderdiel fan it eastlike Frankyske Ryk. Ut it eastlike part fan it âlde Frankeryk ûntstie yn de njoggende ieu it [[Hillige Roomske Ryk]]. Op 26 novimber 944 joech Keizer Otto I fan it Hillige Roomske Riek "et recht van foreest" (it jachtrjocht) yn de Pagus Thriënte oan biskop Balderik fan Utert. Dêrmei kamen de hjoeddeistige Stellingwerven ûnder it bewâld fan it Uterske bisdom. De Pagus Thriënte (it goa Thriënte) omfiemet Drinte en Oerisel, oan de rivier de [[Tsjonger]] ta. Under de biskoppen fan Utert hie it gebiet de namme "Oerstift".
[[Ofbyld:Yndieling fan de Sân Fryske Seelannen neffens it 'traktaat' fan 1417.jpg|thumb|left|Sân Fryske Seelannen neffens it traktaat fan 1417.]]
De [[biskoppen fan Utert]] hienen yn [[Follenhove]] in tsjerke en kastiel, en behearsken fan dêr út it gebiet. Yn de rin fan de tiid makke hieltiten mear gebiet oan de kanten fan de Linde him los fan Follenhove. Yn [[1309]] hiene dizze boeren spul mei Follenhove oer pacht, en sletten se harren oanien foar in oanfal op Follenhove. Sa ûntstie in ûnôfhinklike [[republyk]], de ''Frije Naasje fan de Stellingwerven''. Dizze republyk waard liede troch trije keazen bestjoerders, de ''Stellingen''. Yn it feangebiet fan dy tiid wie fansels rjocht sprutsen op de hichten, de ''werften''. De ''Stellingwerf'' is dêrmei it rjochtsgebiet fan de stellingen. It Stellingwerver Lânrjocht is nei alle wierskyn yn de 14e ieu op skrift steld en ferskynde yn it jier 1480<ref>[http://www1.omropfryslan.nl/Mear_Nijs_60384.aspx Omrop Fryslân; 'Unyk midsieusk dokumint']</ref> It lânrjocht beskriuwt it plak fan de Stellingwerven as Frysk gebiet. Neffens it lânrjocht waard eltse ynbreuk op de [[Fryske frijheid]] swier straft. Yn it [[Freeska Landriucht]] (yn 1480 it earste printe boek yn de Fryske taal) binne de Stellingwerven yn it [[Traktaat fan de Sân seelannen]] neamd as ûnderdiel fan it fjirde seelân. <ref>[http://wikisource.org/wiki/Traktaat_fan_de_S%C3%A2n_seelannen Traktaat van de Zeuven Zeelanen] in et Ooldfries op Wikisource</ref> Doe't de Fryske frijheid yn 1498 troch hartoch [[Albrecht fan Saksen]] ta in ein kaam, wie dat ek de ein fan de selsstannigens fan de Stellingwerven. Yn it jier 1500 waarden ek de Stellingwerven definityf ûnderwurpen troch de keizer fan it [[Hillige Roomske Ryk]]. Yn dat jier waard Stellingwerf as Fryske [[gritenij]] ûnderdiel fan de [[Sânwâlden]]. Yn 1504 kaam der in ein oan de âlde rjochten fan de Stellingen.<ref>[http://www.stellingwerf-heemkunde.nl/middeleeuwen/late%20middeleeuwen.htm De late Middeleeuwen] fan de webside www.stellingwerf-heemkunde.nl</ref> De hartoch ferkocht Fryslân yn 1515 oan [[Karel V]]. Yn 1517 waard Stellingwerf dield yn twa gritenijen: [[Weststellingwerf|Stellingwerf Westerein]] en [[Eaststellingwerf|Stellingwerf Easterein]].<ref>[http://www.friesarchiefnet.nl/index.php?view=article&id=86&option=com_content www.friesarchiefnet.nl]</ref>