Stellingwerven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 165:
== Kultuer ==
[[Ofbyld:MensenPaasvuur.jpg|thumb|Peaskefjoer]]
Ek mei kultuer hawwe de Stellingwerven in protte mei de Nedersaksyske kultuer. Sa wurde der om [[Peaske]] hinne in protte [[Peaskefjoer|peaskefjoeren]] oanstutsen yn it gebiet. Dit bard ûnder oaren yn Aldeberkeap, Elsloo en Easterstreek.
 
It âldste skriftlike bewyske fan de namme Stellingwerf is út it jier 1309. Dêrom waard yn 2009 it 700-jierrich bestean fan de Stellingwerven fierd. De griffioen komt sawol op it gemeentewapen fan Weststellingwerf as dy fan Eaststellingwerf foar. In lyksoartich figuer stiet op in segel út de midsieuwen.<ref>[http://www.stellingwarfs.nl/?pagina=info Stellingwarf-info] op de website van de Stellingwarver Schrieversronte</ref> Op in ôfbylding mei de twa gemeentewapens út 1580 binne ek fan sokke figueren te sjen.<ref>[http://www.pylgeralmanak.nl/?pagina_id=193 De Griffioen van de Stellingwerven.]</ref> By it feest foar it 700-jierrich bestean fan de Stellingwerven waard dêrom in aparte flagge makke mei de griffioens fan de beide gemeenten der op.
 
Yn Eaststellingwerf en omkriten wurdt op it mêd fan keunst, kultuer en literatuer in protte wurk ferset troch de ''Stichting Kunstwerf''. Eltse simmer wurdt yn [[Aldeberkeap]] it keunstbarren ''Open Stal'' hâlden dêr't 15 keunstners op ferskillende plakken eksposearje mei harren wurk. Dizze keunstrûte wurdt sûnt 1971 hâlden. In oar grut barren yn de Stellingwerven binne de ''Pinksterlanddagen'', in anargistysk festival yn Appelskea mei politike praatrûnten, gearkomsten, lêzings en workshops.
 
=== Aldjiersferienings ===
De Stellingwerven foarmje it hert fan de tradysje fan âldjiersstunts. Mei [[De Geitefok]] fan Aldeberkeap en [[Vesuviusklup]] fan Elsloo komme inkele fan de âldste en meast ferneamde [[âldjiersferiening]]s út de Stellingwerven. Njonken Berkeap en Elsloo hawwe ûnder oaren ek [[Easterstreek]] ([[D'Olde Togers]]), [[Boyl]] (de [[Aldjiersploech (Boyl)|Aldjiersploech]]), [[Makkingea]] ([[Makkingeaster Aldjiersploech]]), [[Donkerbroek]] ([[De Nachtdravers]]) en [[De Fochtel]] ([[De Korhoenders]]) in âldjiersferiening. Dizze ferienings spylje in wichtige rol yn de mienskip fan de lytsere doarpen yn de Stellingwerven, benammen om âld en nij hinne binne de ferienings warber. De âldjiersploegen hawwe faaks ta doel it nije jier feestlik yn te lûden. Dat bard mei ludike stunts, it fuortjaan fan kado's oan de pleatslike ferienings en it stypjen fan minsken dy't help nedich hawwe.
 
Net alle âldjiersferienings 'tôgje' (it fuortheljen fan guod) en it binne benammen De Geitefok en de Vesuviusklup dy't út en troch it nijs helle hawwe mei harren stunts. Inkele fan de stunts dy't it measte omtinken yn it lân krigen hawwe binne it fuortheljen fan (tusken skrapkes de namme fan de feriening en it jiertal dat de stunt presintearre waard):
 
*it Swurd fan [[Grutte Pier]] (De Geitefok, 1961);
*it skoareboerd fan [[SK It Hearrenfean]] út it âlde [[Sportpark Noard|Abe Lenstra Stadion]] (De Geitefok, 1979);
*twa stânbylden fan Ellert en Brammert út [[Schoonoord]] (Vesuviusklup, 1984);
*it byld fan [[Mikhail Gorbatsjov]] út [[Madame Tussauds]] (Vesuviusklup, 1992);
*de middenstip út it [[Abe Lenstra Stadion]] fan SK It Hearrenfean (Vesuviusklup, 1993);
*it brûnsen byld fan [[Rinus Michels]] út de tún fan de [[KNVB]] (Vesuviusklup, 2001);
*de kofjekop fan [[Douwe Egberts]] by de rotonde fan [[De Jouwer]] (De Geitefok, 2004);
*de [[Olympyske ringen]] fan it [[Olympysk Stadion (Amsterdam)|Olympysk Stadion]] (De Geitefok, 2012).
 
=== Iten ===