Opera: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red.
Rigel 10:
Opera ûnderskiedet him fan [[musical]] en [[operette]], dy't elk oan krekt deselde definysje foldogge as yn de yntroduksje oanjûn, troch in oantal nuânses dy't net altiten skerp ôfbeakene wurde kinne.
 
Opera's geane oars as [[operette]] en [[musical]] faak oer tragyske oant tige tragyske tema's, soms foar in modern publyk op gnyskjende ôf (Verdi, Donizetti). Der besteane lykwols ek komyske opera's (Mozart, Rossini). Yn in opera wurdt altiten alle tekst op muzyk setten. ''Die Zauberflöte'' en ''Die Entführung aus dem Serail'' fan Mozart binne dan goed besjoen eins gjin opera, mar in ''Singspiel''. By opera wurde de lieten [[aria (komposysjje)|aria]]'s neamd en yn musicals [[liet|songs]]. Tusken de aria's yn wurdt der [[resitatyf]] brûkt. Yn de oare foarmen wurdt de tekst tusken de lietsjes op normale toan sprutsen (yn de oarspronklike ferzje fan [[Carmen (opera)|Carmen]] bygelyks).
 
Yn de praktyk komt it derop del dat in bepaald werk by [[konsensus]] ta de opera's rekkene wurdt; sa net dan is it in operette as it om min ofte mear klassyk klinkende muzyk giet, en oars in musical.