Mao Tse-toeng: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 123 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q5816 (translate me)
L kat
Rigel 2:
'''Mao Tse-toeng''' ([[Shaoshan]], [[26 desimber]] [[1893]] – [[Peking]], [[9 septimber]] [[1976]]) wie in [[Folksrepublyk Sina|Sineesk]] steatsman.
 
Yn [[1921]] naam Mao diel oan de oprjochtingsgearkomste fan de [[Sineeske Kommunistysk Party]] (SKP) yn [[Shanghai]]. Hy wie ien fan de pleitbesoargers fan in Feriene Front-polityk mei [[Soen Jat-sen]] [[Kwo-min-tang]] (KMT) tsjin de oarlochslieders yn it noarden fan Sina dat begjin 1924 ta stân kaam. Mao waard ien fan kommunistyske leden fan it Sintrale Utfierings Komitee fan de KMT. Nei de steatsgreep fan [[Tjiang K'ai-sjek]] luts Mao him mei sa'n 1.000 meistanners werom yn [[Tjiangsy]]. Yn [[1934]] waard de posysje fan de kommunisten hjir sa min, dat besletten waard om út te brekken. Yn de 'Lange Mars' dy't doe útein sette oermastere Mao foarfêst de macht yn de party. Fan dy tiid ôf fine de ideeën fan Mao oer de revolúsjonêrerevolúsje ûnder de boerebefolking yngong.
 
Nei de ein fan de [[Twadde Wrâldkriich]] mislearre de ûnderhannelingen fan de kommunisten mei de Nasjonalistyske regearing en al gau wie in boargeroarloch feit. De Kommunisten behelje de oerwinning en op [[1 oktober]] [[1949]] waard yn [[Peking]] de Sineeske Folksrepublyk útroppen, dêr't Mao 'foarsitter', dat wol sizzen steatshaad fan waard.
Rigel 15:
* {{aut|[[Li Zhisui]]}}: ''Het Privé-leven van MAO'' ûntfâlde troch syn liifdokter Li Zhisui, Uitg. Balans Amsterdam (1995), 662 pagina's, ISBN 90-5018-279-8
 
[[Kategory:Sineesk persoanpolitikus]]
[[Kategory:Kommunist]]
[[Kategory:Presidint]]