Hollum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 4 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q1000538 (translate me)
Rigel 25:
== Mienskip ==
Sûnt [[1948]] bestiet de Feriening Doarpsbelang. De feriening wol bûten de eigen belangen ek it toerisme befoarderje. It doarp hie yn it earstoan in eigen VVV, dy't leter opgien is yn de VVV fan It Amelân. Sa waarden skulpepaadsjes oanlein, foarsjennings makke, strânfeesten en optochten organisearre.
 
;Sundeklazen
It [[Sinteklaas]]feest wurdt yn Hollum noch as fanâlds dien. Op 4 desimber is it feest foar de bern, op 5 desimber foar boppe de achttjin jier. Allinnich jonges en manlju ferklaaie har. Der wurdt dan op buffelhoarns blaasd en men mei net werkend wurde, ek net oan de stim. De saneamde baanfeiers feie alles wat frou hjitte kin fan de strjitte. De "Ouwe Sunderklazen" of "Omes" meie froulju en famkes twinge om te dûnsjen.
;dweilorkest
De "Hollumer Gromkes" is in [[dweilorkest]] dat yn 1991 oprjochte is mei de [[Blauhúster Dakkapel]] as foarbyld. Ynstee fan de Fryske truien drage de muzikanten in trui mei it Amelanner wapen.