Lokrinus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L korr
Rigel 1:
'''''Lokrinus''''', yn it [[Ingelsk]]: '''''Locrine''''', is in [[toanielstik]] fan ûnbekend auteurskip út 'e [[Elizabetaanske Tiid]], dat weromgrypt op de [[leginde]] dat [[Ingelân]] en [[Londen]] (Troinovantum) stifte wêze soene troch lju dy't oan 'e ein fan 'e [[Trojaanske Oarloch]] [[Troaje]] ûntflechte wiene. It stik, in [[trageedzje]], liket sterk beynfloede te wêzen troch guon kontemporêne wurken, lykas de [[gedicht]]endichtbondel ''Complaints'', fan [[Edmund Spenser]], en it [[gedicht]] ''The Complaint of Elstred'', fan [[Thomas Lodge]]. It is ûndúdlik wannear't ''Lokrinus'' krekt skreaun is; guon saakkundigen pleatse it yn 'e iere 1580-er jierren, mar de measten tinke oan [[1591]]. Yn elts gefal waard it yn [[1594]] registrearre yn it ''[[Stationers' Register]]'', de gesachhawwende útjouwerskatalogus fan dy tiid. It waard foar it earst publisearre yn [[1595]].
 
==Auteurskip==