Evangeelje fan de Wierheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
fw
Rigel 1:
It '''''Evangeelje fan de Wierheid''''' is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is ien fan 'e [[gnostyske evangeeljes]] en waard ferlern waand oant der yn desimber [[1945]] tafalligerwize troch twa boeren by it [[Egypte|Egyptyske]] [[Nag Hammady]] twa [[Koptysk]]e manuskripten fan weromfûn waarden dy't mei in stikmannich oare [[gnostisisme|gnostyske]] geskriften, wêrûnder it folle bekendere ''[[Evangeelje fan Tomas]]'', yn in krûk bedobbe leine. It iene werûntdutsene manuskript fan it ''Evangeelje fan de Wierheid'' is in frijwol folsleine ferzje yn it [[Achmimysk]]e [[dialekt]] fan it Koptysk, wylst it oare in fragmintaryske oerlevering yn it [[Sahidysk]]e dialekt is. It ''Evangeelje fan de Wierheid'', dat oarspronklik yn it [[Gryksk]] skreaun wêze moat en datearret fan 'e perioade fan [[140]] oant [[180]], is wierskynlik it wurk fan 'e dissipels fan 'e gnostyske learmaster [[Falentinus (gnostikus)|Falentinus]], of mooglik fan de man sels. It wie bekend by de [[tsjerkfaar]] [[Irenaeus]], dy't it ta [[ketterij]] ferklearre.
 
===Ynhâld===